World Science Fiction Convention

De World Science Fiction Convention (Ingelsk foar: "Science Fiction-Wrâldkonvinsje"), faak ôfkoarte ta Worldcon, is de jierlikse feestlike wrâldgearkomste op it mêd fan science fiction dy't organisearre wurdt troch de Amerikaanske World Science Fiction Society (WSFS), it "Science Fiction-Wrâldgenoatskip". De earste Worldcon waard yn 1939 holden, en sûnt hat dit evenemint alle jierren plakfûn útsein ûnder de Twadde Wrâldoarloch, fan 1942 oant 1945. De Worldcon is de wichtichste Amerikaanske en ynternasjonale gearkomste op it mêd fan it science fiction-sjenre, en wikselet elts jier fan plak.

World Science Fiction Convention
Ada Palmer nimt de John W. Campbell Award yn ûntfangst op Worldcon 75 yn Helsinki, yn 2017.
Ada Palmer nimt de John W. Campbell Award yn ûntfangst op Worldcon 75 yn Helsinki, yn 2017.
plak en tiid
lân Feriene Steaten
plakwikselet (ek bûten de F.S.)
tiid fan it jierwikselet
bysûnderheden
ôfkoartingWorldcon
soarte evenemintscience fiction-konvinsje
bestean1939 – no
org. trochWorld Science Fiction Society
offisjele webside
worldcon.org

Aktiviteiten en eveneminten

Op 'e Worldcon wurde folgjende aktiviteiten en eveneminten organisearre:

  • Goeddiedichheidsaksjes om non-profitorganisaasjes op it mêd fan it science fiction-fandom en oare, eksterne goede doelen te ûnderstypjen, troch kollektes, feilings, bloeddonaasjes, ensfh.
  • In keunsteksposysje mei skilderijen, tekenings, byldhouwurken en oare keunstwurken op it mêd fan science fiction.
  • Hantekeningesesjes troch en oare kânsen om yn 'e kunde te kommen mei ferneamde science fiction-auteurs en oare bekendheden op it mêd fan science fiction, lykas akteurs út films of tillefyzjesearjes, omslachkeunstners, ensfh.
  • De úttrikkingsseremoanje fan 'e Chesley Awards.
  • De útrikkingsseremoanje fan 'e Hugo Awards.
  • Cosplay, sawol in formele wedstryd (de Masquerade) as gewoan foar de aardichheid troch fans dy't de hiele dei yn science fiction-kostúms omrinne.
  • Dûnsopfierings op it mêd fan science fiction.
  • Muzykopfierings op it mêd fan science fiction.
  • Toaniel- en teäteropfierings op it mêd fan science fiction.
  • Tentoanstellings op it mêd fan science fiction.
  • Workshops op it mêd fan science fiction.
  • De saneamde huckster's room, dêr't boeken, stripboeken, dvd's, fideospultsjes, kostúms, juwiellen en oar spul op it mêd fan science fiction ferkocht wurdt.
  • De fan lounge, in plak dêr't men prate en oerlizze kin oer en bydrage kin oan fanzines.
  • De saneamde fan tables, dêr't organisaasjes en fertsjintwurdigers fan oare science fiction- en fantasykonvinsjes harsels presintearje.
  • In filmfestival dêr't ûnôfhinklike science fiction-films fertoand wurde.
  • Spultsjes, wêrûnder rollespullen, boerdspultsjes en kaartspullen.
  • Paneldiskusjes oer in breed skala oan ûnderwerpen op it mêd fan science fiction.
  • Iepenbier tagonklike feestjes dy't organisearre wurde troch science fiction-organisaasjes, -klubs, -útjouwerijen, -tydskriften en oaren.
  • In bar dêr't men in drankje nimme kin of gewoan gesellich mei-inoar prate kin.
  • Taspraken en oare presintaasjes troch ferskate grutte nammen út 'e science fiction.
  • Saken oangeande de World Science Fiction Society, wêrûnder de stimming oer it plak fan de Worldcon fan it folgjende jier en teffens oer it plak fan 'e North American Science Fiction Convention (NASFiC) as it plak fan 'e folgjende Worldcon bûten Noard-Amearika leit.

List fan World Science Fiction Conventions

nû.jiernammeplaklânbesikers
11939Nycon INew York (New York) Feriene Steaten200
21940Chicon IChicago (Illinois) Feriene Steaten128
31941Denvention IDenver (Kolorado) Feriene Steaten90
41946Pacificon ILos Angeles (Kalifornje) Feriene Steaten130
51947Philcon IPhiladelphia (Pennsylvania) Feriene Steaten200
61948Torcon IToronto (Ontario) Kanada200
71949CinventionCincinnati (Ohio) Feriene Steaten190
81950Norwescon]Portland (Oregon) Feriene Steaten400
91951Nolacon INew Orleans (Louisiana) Feriene Steaten190
101952Chicon IIChicago (Illinois) Feriene Steaten870
111953Philcon IIPhiladelphia (Pennsylvania) Feriene Steaten750
121954SFConSan Francisco (Kalifornje) Feriene Steaten700
131955CleventionCleveland (Ohio) Feriene Steaten380
141956Nycon IINew York (New York) Feriene Steaten850
151957Loncon ILonden (Ingelân) Grut-Brittanje268
161958SolaconSouth Gate (Kalifornje) Feriene Steaten211
171959DetentionDetroit (Michigan) Feriene Steaten371
181960PittconPittsburgh (Pennsylvania) Feriene Steaten568
191961SeaconSeattle (Washington) Feriene Steaten300
201962Chicon IIIChicago (Illinois) Feriene Steaten730
211963Discon IWashington, D.C. Feriene Steaten600
221964Pacificon IIOakland (Kalifornje) Feriene Steaten523
231965Loncon IILonden (Ingelân) Grut-Brittanje350
241966TriconCleveland (Ohio) Feriene Steaten850
251967Nycon 3New York (New York) Feriene Steaten1.500
261968BayconBerkeley (Kalifornje) Feriene Steaten1.430
271969St. LouisconSt. Louis (Missoury) Feriene Steaten1.534
281970Heicon '70Heidelberch (Baden-Wuertemberch) West-Dútslân620
291971Noreascon IBoston (Massachusetts) Feriene Steaten1.600
301972L.A.con ILos Angeles (Kalifornje) Feriene Steaten2.007
311973Torcon IIToronto (Ontario) Kanada2.900
321974Discon IIWashington, D.C. Feriene Steaten3.587
331975Aussiecon IMelbourne (Fiktoaria) Austraalje606
341976MidAmeriConKansas City (Missoury) Feriene Steaten3.014
351977SunConMiami Beach (Floarida) Feriene Steaten4.200
361978IguanaCon IIPhoenix (Arizona) Feriene Steaten4.700
371979Seacon '79Brighton (Ingelân) Grut-Brittanje3.114
381980Noreascon IIBoston (Massachusetts) Feriene Steaten5.850
391981Denvention IIDenver (Kolorado) Feriene Steaten3.792
401982Chicon IVChicago (Illinois) Feriene Steaten4.275
411983ConStellationBaltimore (Marylân) Feriene Steaten6.400
421984L.A.con IIAnaheim (Kalifornje) Feriene Steaten8.365
431985Aussiecon IIMelbourne (Fiktoaria) Austraalje1.599
441986ConFederationAtlanta (Georgia) Feriene Steaten5.811
451987Conspiracy '87Brighton (Ingelân) Grut-Brittanje5.425
461988Nolacon IINew Orleans (Louisiana) Feriene Steaten5.300
471989Noreascon IIIBoston (Massachusetts) Feriene Steaten7.795
481990ConFictionDe Haach (Súd-Hollân) Nederlân3.580
491991Chicon VChicago (Illinois) Feriene Steaten5.661
501992MagiConOrlando (Floarida) Feriene Steaten6.368
511993ConFranciscoSan Francisco (Kalifornje) Feriene Steaten6.602
521994ConAdianWinnipeg (Manitoba) Kanada7.725
531995IntersectionGlasgow (Skotlân) Grut-Brittanje6.524
541996L.A.con IIIAnaheim (Kalifornje) Feriene Steaten6.703
551997LoneStarCon IISan Antonio (Teksas) Feriene Steaten5.614
561998BucConeerBaltimore (Marylân) Feriene Steaten6.572
571999Aussiecon IIIMelbourne (Fiktoaria) Austraalje2.872
582000Chicon 2000Chicago (Illinois) Feriene Steaten6.574
592001Millennium PhilconPhiladelphia (Pennsylvania) Feriene Steaten6.269
602002ConJoséSan Jose (Kalifornje) Feriene Steaten5.916
612003Torcon IIIToronto (Ontario) Kanada4.986
622004Noreascon IVBoston (Massachusetts) Feriene Steaten7.485
632005InteractionGlasgow (Skotlân) Grut-Brittanje5.202
642006L.A.con IVAnaheim (Kalifornje) Feriene Steaten6.291
652007Nippon 2007Yokohama Japan5.149
662008Denvention IIIDenver (Kolorado) Feriene Steaten3.752
672009AnticipationMontreal (Kebek) Kanada4.499
682010Aussiecon IVMelbourne (Fiktoaria) Austraalje3.462
692011RenovationReno (Nevada) Feriene Steaten5.526
702012Chicon VIIChicago (Illinois) Feriene Steaten6.197
712013LoneStarCon IIISan Antonio (Teksas) Feriene Steaten6.060
722014Loncon IIILonden (Ingelân) Grut-Brittanje10.833
732015SasquanSpokane (Washington) Feriene Steaten10.350
742016MidAmeriCon IIKansas City (Missoury) Feriene Steaten...
752017Worldcon 75Helsinki Finlân...

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.