Woodstock (muzykfestival)

It Woodstock Music and Art Festival wie in rockfestival dat op 15, 16 en 17 augustus 1969 ta stân kaam op in greide fan de greidboer Max Yasgur yn Bethel, New York, sa'n 65 km bûten Woodstock. It hast legindaryske festival, ûnder it motto "three days of peace and music" (Trije dagen fan frede en muzyk), wurdt troch in soad minsken beskôge as it wichtichste muzykfeest ea.

Woodstock 1969
Besikers fan it festival
Joe Cocker op Woodstock (1969)

Hoewol't tsien- oant tweintichtûzen minsken ferwachte waarden, kamen der úteinlik tsjin de 500.000 besikers, dêr't de measten gjin yntreejild foar betelle hiene. (Ek wiene der noch sa'n trije miljoen minsken ûnderweis nei it festival.) Dêrom moasten de organisatoaren der earst op tajaan, mar troch de plateferkeap en de ynkomsten fan de Woodstockfilm koe it langelêst dochs noch út.

Artysten

Freed,15 augustus

  • Swami Satchidananda
  • Richie Havens
  • Sweetwater
  • The Incredible String Band
  • Bert Sommer
  • Tim Hardin
  • Ravi Shankar
  • Melanie
  • Arlo Guthrie
  • Joan Baez

Sneon, 16 augustus

  • Quill, 40 minuten, fjouwer songs
  • Keef Hartley Band
  • Country Joe McDonald
  • John Sebastian
  • Santana
  • Canned Heat
  • Mountain
  • Grateful Dead
  • Creedence Clearwater Revival
  • Janis Joplin mei The Kozmic Blues Band
  • Sly & the Family Stone
  • The Who
  • Jefferson Airplane

Snein, 17 augustus oant moandei 18

  • The Grease Band
  • Joe Cocker
  • Country Joe and the Fish
  • Ten Years After
  • The Band
  • Blood, Sweat & Tears
  • Johnny Winter optreden mei syn broer, Edgar Winter
  • Crosby, Stills, Nash & Young
  • Neil Young
  • Paul Butterfield Blues Band
  • Sha-Na-Na
  • Jimi Hendrix

Keppelings om utens