Willem Hardorff

Willem Hardorff (Ljouwert, 8 maart 1815 – Ljouwert, 24 septimber 1899) wie in oargelbouwer.

Wurkpaad

Willem Hardorff wie de soan fan boekbiner Hans Hardorff en de pakesizzer fan Matthijs Hanssen Hardorff (1747-1802), dy't grutfeint wie fan de bekende oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz. Willem Hardorff krige ûnderrjocht fan Van Dam. Yn 1843 nimt er de oargelmakkerij fan Wilhelmus van Gruisen (1788-1843) oer. Hy makke en ûnderhâlde oargels foar tsjerken yn fral Fryslân. Willem Hardorff hie ek learlingen, ûnder oaren de oargelbouwers Fokke Bakker en Arjen Timmenga fan Bakker & Timmenga. Yn 1880 ferkocht er it bedriuw oan Johan Frederik Kruse.

Oargels fan Hardorff (karút)

Oargel yn de tsjerke fan Menaam
PlakTsjerkeJier
BaaiumHerfoarme tsjerke1860
BritsumHerfoarme tsjerke1862
DeinumHerfoarme tsjerke1865
IensHerfoarme tsjerke1860
EalahuzenHerfoarme tsjerke1865
FrjentsjerGrifformearde tsjerke1854
GauwHerfoarme tsjerke1862
HantumSint-Martinustsjerke1876
YsbrechtumHerfoarme tsjerke1867
ItensHerfoarme tsjerke1876
KimswertHerfoarme tsjerke1858
KûbaardHerfoarme tsjerke1856
MenaamHerfoarme tsjerke1861
EastereinMartinytsjerke1870
EasterlittensHerfoarme tsjerke1867
AldskoatSkoattertsjerke1871
WânswertPetrustsjerke1877
WinsumHerfoarme tsjerke1875

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: