Welmoed Sijtsma

Frysk nijslêzeresse en ferslachjouster

Welmoed Sijtsma (Hurdegaryp, 11 septimber 1990)[1] is in Frysk nijslêzeresse, ferslachjouster en presintatrise. Fan 2015 oant en mei 2018 wie hja de fêste presintatrise fan it Jeugdjournaal fan 'e NOS.[2][3] Yn jannewaris sette Sijtsma útein as ien fan 'e ko-presintators fan Op1, it nije praatprogramma fan 'e Nederlânske Publike Omrop.[1]

Welmoed Sijtsma
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Sijtsma (2022)
Sijtsma (2022)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne11 septimber 1990
berteplakHurdegaryp (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum asnijslêzeresse, ferslachjouster
mediumtillefyzje
wurksum byNOS, Omrop Fryslân
bekend fanJeugdjournaal
Op1
jierren aktyf2013 – no
offisjele webside
Welmoed Sijtsma op Twitter

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Sijtsma waard yn 1990 berne yn Hurdegaryp, mar har âlden ferfearen in jier letter mei har nei Ljouwert ta, dêr't se opgroeide[2] yn in húshâlding mei twa susters.[1] As bern woe se kreamfersoarchster wurde,[1] mar letter krige se belangstelling foar de sjoernalistyk.[1] Om't Sijtsma fan alle kanten te hearren krige dat dêr gjin wurk yn siet, besleat se nei de middelbere skoalle ynstee in HBO-oplieding kommunikaasje te dwaan, om't dat breder wie. Doe't se staazje rûn by Omrop Fryslân besleat se lykwols dat se nijs ferslaan woe ynstee fan public relations te fersoargjen. Dêrom plakte se oan har oplieding kommunikaasje noch in masteroplieding sjoernalistyk oan 'e Ryksuniversiteit Grins fêst.[1] Yn har stúdzjetiid bleau se lykwols yn Ljouwert te wenjen.[2]

Karriêre

Fanôf begjin 2014 rûn Sijtsma staazje by de NOS, dêr't se artikels skreau en nijsitems produsearre. Mids 2014 ferhuze hja dêrfoar nei Amsterdam. Dêrnjonken wie se ek aktyf as ferslachjouster foar Omrop Fryslân.[2] Yn july 2015 krige se by de NOS in oanstelling as fêste presintatrise fan it Jeugdsjournaal, yngeande per 1 septimber. Dêrby krige se lykwols te hearren dat se foartiid logopedylessen folgje moast om har Fryske aksint te ferminderjen. Njonken nijslêzeresse waar Sijtsma ek buroredaktrise.[2]

Yn 2018 skreau Welmoed Sijtsma it Frysk Diktee, dat dat jiers yn 'e iepen loft holden waard. By de live-útstjoering troch Omrop Fryslân lies se it diktee op 27 juny ek sels foar op Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert, dat foar de gelegenheid folset wie mei skoalbankjes foar de 621 dielnimmers. Bekende meidoggers oan it diktee wiene û.o. politika Lutz Jacobi, skriuwers Willem Schoorstra en Sietse de Vries, en Habtamu de Hoop, de nije presintator fan it NPO-berneprogramma Het Klokhuis. It diktee waard wûn troch Wopkje Bergmans út Holwert, dy't trije flaters makke hie.[4][5]

Ein augustus 2018 makke Sijtsma bekend dat se by it Jeugdjournaal weigie. Se stapte oer nei omrop WNL, dêr't se fan 'e twadde wike fan septimber ôf presintatrise fan Goedenmorgen Nederland waard. Yn dat tillefyzjeprogramma, dat eltse wurkdei op 'e moarn fan 7.00 oant 9.00 oere útstjoerd waard, behannele se aktualiteiten lykas nijs, sport, waar, misdie, polityk en ferkear.[3] Yn desimber 2019 waard dúdlik dat Sijtsma mei Sander Schimmelpenninck, de haadredakteur fan it tydskrift Quote, ien fan 'e fiif presintaasjeduo's foarmje soe foar it nije praatprogramma fan 'e Nederlânske Publike Omrop, dat Op1 kaam te hjitten.[1] Fan jannewaris 2020 ôf fersoargje Sijtsma en Schimmelpenninck de presintaasje fan Op1 op tongersdeitejûn.[1]

Priveelibben

Sijtsma wennet gear mei har freon Erik yn Amsterdam.[1] Yn in fraachpetear mei de NCRV fertelde se yn maart 2020 dat Erik ek út Ljouwert komt en dat se inoar al fan bern ôf oan koene. Doe't se fiif jier in relaasje hiene, makke Sijtsma it lykwols út om't de takomst dy't se seach har benaude; se socht aventoer en woe sjen wat it libben noch mear te bieden hie. Pas letter besefte se dat se in flater begien hie. Se moast derfoar fjochtsje om har freon werom te winnen, want hy wie bang dat se by nije twifel fuort wer útnaaie soe. Nei twa jier rekke it wer oan.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: