Wûnseradiel

Wûnseradiel (sûnt 1987 offisjeel Frysk; Nederlânsk: Wonseradeel) is in eardere gemeente yn it westen fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 2010 in befolking fan 11.833 minsken, en besloech in oerflak 317,68 km². Dêrfan wie 159,18 km² wetter (foar it meastepart in diel fan 'e Iselmar. Wûnseradiel hie fierders in kustline fan 27,4 km lang. It gemeentehûs stie yn Wytmarsum, mar it grutste plak wie Makkum. Ek it Fryske diel fan 'e Ofslútdyk hearde ta Wûnseradiel.

Wûnseradiel

Op 'e romte by Burchwert.
flaggewapen

Wapen fan Wûnseradiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplakWytmarsum
grutste plakMakkum
ynwennertal11.833 (2010)
befolkingstichtens74,7 / km²
oerflak317,68 km²
● wêrfan lân158,50 km²
● wêrfan wetter159,18 km²
tal doarpen27
ferkearsierenA7, AN31, N359
skiednis
oprjochte1851
oant 1851 Gritenij Wûnseradiel
opheft2011
opgien yn Súdwest-Fryslân
no part fan Súdwest-Fryslân
oar
netnûmer0515, 0517
postkoade8741–8823
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.wunseradiel.nl

Skiednis

Wûnseradiel is ûntstien út Wildinghe, ien fan de lannen fan Westergoa, dat sels tebekgiet oant yn 'e 14e iuw of mooglik noch earder. It hjit nei Wûns, nei alle gedachten om't it it rjochtsgebiet fan de Wûnzer werstâl wie. Yn de rin fan de tiid is de stêd Boalsert fan dit gebiet ôfskieden. Letter is noch mear gebiet by Boalsert foege.

It tinkteken foar Minne Simens yn Wytmarsum.

Dit gebiet is al sûnt de terpetiid bewenne; der hawwe grûnfyndsten wêst út de lêste iuwen foar Kristus. Earst wie dit terpbewenning, mar yn de 10e iuw waard begûn mei de oanlis fan diken, lykas de Penjumer halsbân. Stadichoan waarden de slinken fan de Marne ôfsletten, en foarme him it hjoeddeiske gebiet. Op de ein fan de 19e iuw binne noch de trije grutte marren yn de gemeente ynpoldere: de Makkumer Mar, de Parregeaster Mar en de Warkumer Mar. Yn 1970 waard der in marreplan foar dizze marren presintearre, mar dat is net trochgongen. Fan de dyk tusken Koarnwert en Surch is yn 1928 it earste stik fan de Ofslútdyk oanlein; by de oanlis fan de dyk ûntstienen ek de doarpen Breesândyk en Koarnwertersân.

De gritenij Wûnseradiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. Op 1 jannewaris 2011 fúzjearre Wûnseradiel mei de gemeenten Boalsert, Nijefurd, Snits en Wymbritseradiel ta de nije gemeente Súdwest-Fryslân.

Plakken

Wûnseradiel hie 27 doarpen. It haadplak wie Wytmarsum en de oare plakken yn de gemeente wiene: Allingawier, Arum, Breesândyk, Burchwert, Dedzjum, Eksmoarre, Ferwâlde, Gaast, Hartwert, Hichtum, Hieslum, Kimswert, Koarnwert, Koarnwertersân, Lollum, Longerhou, Makkum, Parregea, Penjum, Piaam, Skettens, Skraard, Skuzum, Surch, Tsjerkwert en Wûns. In 28e doarp, Greonterp, ferlear Wûnseradiel by de gemeentlike weryndieling fan 1984, doe't it nei Wymbritseradiel oerhevele waard.

Gebiet

Wûnseradiel leit tusken yn it noarden Harns en it eardere Frjentsjerteradiel, yn it easten Littenseradiel, Boalsert en Wymbritseradiel, yn it suden Nijefurd, en yn it westen Noard-Hollân. It westlik part fan dit gebiet is it part fan de Ofslútdyk dat yn Fryslân leit en in stik fan it Iselmar súd dêrfan. Oer de Ofslútdyk, en troch it noardlik part fan de gemeente rint de A7. Súdliker ferbynt it Van Panhuyskanaal Makkum, oan de Iselmarkust, mei de Warkumer Trekfeart dy't troch it súdeasten fan de gemeente rint.

Befolkingsûntwikkeling

Sjoch ek

Eksterne ferwizing

             Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje