Tony Award

De Tony Awards, eins de Antoinette Perry Awards for Excellence in Theatre, binne in groep Amerikaanske prizen dy't sûnt 1947 jierliks by in galaseremoanje yn New York yn in grut tal kategoryen útrikt wurde oan produsinten, akteurs en technisy op it mêd fan toaniel, mear yn 't bysûnder fan it toaniel fan it Newyorkske Broadway. Se wurde rûnom beskôge as de wichtichste Amerikaanske toanielprizen, en korrespondearje datoangeande mei de Oscars (foar film), de Emmys (foar tillefyzje) en de Grammys (foar muzyk). Ynternasjonaal kinne se ferlike wurde mei de Britske Laurence Olivier Award foar toaniel en de Frânske Prix Molière. De Tonys wurde yn gearwurking útrikt troch twa organisaasjes, de American Theatre Wing en de Broadway League, en binne ferneamd nei Antoinette Perry, de mei-oprjochtster fan 'e American Theatre Wing. De útrikking fan 'e Tonys wurdt live útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzje, fia de stjoerder CBS.

Antoinette Perry Award for
Excellence in Theatre

(Tony Award)
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foartoaniel
útrikt trochde American Theatre Wing en
de Broadway League
frekwinsje1x jiers
datumbegjin juny
plakNew York (New York)
ynsteld1947
1e útrikking1947
offisjele webside
www.tonyawards.com

Kategoryen

permaninte kategoryen
  • bêste haadrol fan in aktrise yn in toanielstik
  • bêste haadrol fan in akteur yn in toanielstik
  • bêste haadrol fan in aktrise yn in musical
  • bêste haadrol fan in akteur yn in musical
  • bêste byrol fan in aktrise yn in toanielstik
  • bêste byrol fan in akteur yn in toanielstik
  • bêste byrol fan in aktrise yn in musical
  • bêste byrol fan in akteur yn in musical
showkategoryen en technyske kategoryen
  • bêste toanielstik
  • bêste revival fan in toanielstik
  • bêste rezjy fan in toanielstik
  • bêste dekôr fan in musical
  • bêste kostúmûntwerp fan in musical
  • bêste beljochting fan in musical
Robert Lopez and Jeff Marx litte har Tony Award-trofee sjen, op 'e útrikking fan 2004.
  • bêste musical
  • bêste revival fan in musical
  • bêste rezjy fan in musical
  • bêste boek fan in musical
  • bêste oarspronklike muzyk
  • bêste orkestregistraasje
  • bêste goreografy
  • bêste dekôr fan in musical
  • bêste kostúmûntwerp fan in musical
  • bêste beljochting fan in musical
spesjale prizen
  • Regional Theatre Tony Award (foar regionaal toaniel; d.w.s. oeral útsein op Broadway)
  • Special Tony Award (oeuvrepriis)
  • Tony Honors for Excellence in Theatre (priis foar bûtengewoane prestaasjes)
  • Isabelle Stevenson Award
ôfskafte prizen
  • bêste auteur
  • bêste dirigint
  • bêste revival (no yn twaen spjalte foar toanielstik en musical)
  • bêste technikus
  • bêste toanielbarren
  • bêste rezjy (no yn twaen spjalte foar toanielstik en musical)
  • bêste lûdstechnyk fan in toanielstik
  • bêste lûdstechnyk fan in musical

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.