Stasjon Leien Sintraal

(Trochferwiisd fan Stasjon Leiden Sintraal)

Stasjon Leien Sintraal (Ledn) is it sintraal stasjon fan de Nederlânske stêd Leien, en waard iepene yn 1842 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). Yn dizze Súd-Hollânske stêd is yn 1996 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1842 iepene.

Stasjon Leien Sintraal
station Leiden Centraal
Stasjon Leien Sintraal yn 2012
Stasjon Leien Sintraal yn 2012
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Leien
plak Leien
adresAnna Grollstraat 2t
arsjitektuer
stasjonskoadeLedn
typeTrochgongsstasjon
iepening17 augustus 1842
boujier1842 1e stasjonsgebou
1879 2e stasjonsgebou
1953 3e stasjonsgebou
1996 4e stasjonsgebou
sloopjier1879 1e stasjonsgebou
1951 2e stasjonsgebou
1995 3e stasjonsgebou
arsjitekt1842
F.W. Conrad
1e stasjonsgebou
1879
D.A.N. Margadant
2e stasjonsgebou
1953
H.G.J. Schelling
3e stasjonsgebou
1996
H.C.H. Reijnders
4e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons3
perronspoaren6
spoarlineAlde line
Skipholline
Woerden - Leien
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Leien Sintraal (Leien)
Stasjon Leien Sintraal

Gebou

2e stasjonsgebou stasjon Leien Sintraal om en de by 1900
3e stasjonsgebou stasjon Leien Sintraal yn 1953

It earste stasjon waard ûntwurpen troch de arsjitekt Frederik Willem Conrad en iepene op 17 augustus 1842 syn doarren foar treinreizgers. middenpart mei in arkade. De loketen sieten yn in sirkelfoarmich part. Oan wjerskanten fan it middenpart in fleugel mei kroanlist.

Yn 1879 makke it earste stasjonsgebou plak foar nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt Dirk Margadant. It nije gebou, wie ek wer in gebou mei in heech middenpart, mar mei twa nei efteren pleatste fleugels, dy't elk einige yn in heger hoekgebou op deselde roailine pleatst as it middengedielte.

Yn 1953 kamen de spoaren heger te lizzen en moast der in nij stasjonsgebou komme. nei in ûntwerp fan arsjitekt Schelling. In stasjon waard útfierd mei in protte beton, fergelykber mei de stasjonsgebouwen fan Arnhim, Ynskedee, Hengelo en Sutfen. Der wiene in soad pylders yn de hal en de gongen. Fia in trep koe de haadútgong berikt wurde.

Nei de komst fan de Skipholline waard it stasjon fan Schelling te lyts befûn foar it hieltyd fierder groeiende tal reizgers. Benammen de hal en de tunnel nei de perrons waarden te krap. It stasjonsgebou út 1953 waard yn 1995 ofbrútsen it nije stasjonsgebou ûntwurpen troch arsjitekt Harry Reijnders waard yn 1996 iepene. It stasjonsgebou bestiet út wite fakwurkkonstruksjes. Kenmerkend is de entree, besteande út in bûgde wite skulp.

Treinferbinings

Intercity's
SearjeTreintypeRûteTsjinstroaster
700Intercity (NS)De Haach SintraalLeien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almere SintrumLelystêd SintrumSwolAssenGrins
1400Nachtnet Intercity
(NS)
Utert SintraalAmsterdam Bijlmer ArenAAmsterdam Sintraal – Skiphol Airport – Leien SintraalDe Haach HSDelftRotterdam SintraalDe treinsearje 21400 foar de trajektferlingingen Rotterdam Sintraal - Eindhoven Sintraal en Utert Sintraal - Eindhoven ride allinnich yn freed en sneon te nacht. Yn it earste part fan woansdei en tongersdei te nacht stoppet de trein yn Gouda yn plak fan Delft op. Dêrneist wurde bussen ynset op it trajekt Rotterdam Sintraal - Delft – De Haach HS.
1800Intercity (NS)De Haach SintraalLeien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Almere SintrumLelystêd SintrumSwolMeppelLjouwert
2100Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalHaarlimLeien SintraalDe Haach SintraalRydt allinnich yn de spits fan moandei oant en mei tongersdei.
2200Intercity
(NS)
Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalMiddelburchFlissingen
2400Intercity (NS)Lelystêd SintrumAlmere BûtenAlmere Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardt
3200Intercity (NS)Arnhim SintraalEde-WageningenUtert Sintraal – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRydt allinnich yn de spits fan moandei o/m tongersdei.
3700Intercity (NS)DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenloRydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Doardt nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Skiphol Airport en Venlo.
8800Intercity (NS)Leien Sintraal – Alfen oan de Ryn – Woerden – Utert-Sintraal
24400Nachtnet Intercity (NS)Amsterdam Bijlmer ArenA – Skiphol Airport – Leien SintraalAlinne tiisdei en woansdeitenacht.
Sprinters
SearjeTreintypeRûteTsjinstroaster
3300Sprinter (NS)De Haach SintraalLeien Sintraal – Hoofddorp – Skiphol Airport – Saandam – Purmerein – Hoarn – Hoarn KersenboogerdJûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd.
4600Sprinter (NS)De Haach SintraalLeien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmere SintrumAlmere BûtenLelystêd SintrumSwolRyd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leiden Sintraal.
6300Sprinter (NS)De Haach SintraalLeien SintraalHeemstede-AerdenhoutHaarlimRydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim.
8900Sprinter (NS)'Leien Sintraal – Alfen oan de Ryn – Woerden – Utert-SintraalRydt net jûns nei 20:00, freed en yn it wykein; Rydet yn in brede spits de hiele rûte.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: