Stasjon Doardt

Stasjon Doardt (Ddr) is it âldste spoarstasjon fan de stêd Doardt, yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It op 1 jannewaris 1872 iepene stasjon leit besuden it sintrum, by de njoggentjinde-iuwske skyl. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS earste klasse, en is ien fan de twa stasjons dy't yn dizze klasse boud is, de oar is Stasjon Swol.

Stasjon Doardt
station Dordrecht
Stasjon Doardt yn 2014
Stasjon Doardt yn 2014
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Doardt
plakDoardt
adresStationsplein 1
arsjitektuer
stasjonskoadeDdr
iepening1 jannewaris 1872
boujier1870
arsjitektKarel Hendrik van Brederode
monumintale statusRyksmonumint
monumintnûmer522309
oare ynformaasje
perrons3
perronspoaren7
spoarlineSteatsline I
Spoar fan Elst nei Doardt
24.483 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Doardt (Doardt-Sintrum)
Stasjon Doardt

Gebou

It stasjon leit bûten de eardere stedsmuorren fan Doardt en bûten de eardere bebouwing. Om de stêd te ferbinen mei it stasjon is in streekrjochte trochstek nei de stêd oanlein, de Johan de Wittstrjitte. Lâns dizze rûte is yn 1879 in hynstetramwei iepene nei it sintrum fan Doardt en de Merwekade, dêr 't oansluting wie op de fearboaten nei de streek. Dizze tram is yn 1919 opheft. It stasjonsgebou is yn neorenêssânsestyl oplutsen en falt op troch syn monumintale boustyl. Yn de tiid dat it stasjon boud waard, stie it op it grûngebiet fan de doetiidske gemeente Dubbeldam.

Stasjon Doardt beskikt oer trije perrons mei dêrlâns sân perronspoaren: 1 oant en mei 5, 15 en 20. De spoaren 1 oant en mei 5 wurde brûkt foar trochgeande treinen, perronspoar 15 is in kopspoar oan de eastkant, yn gebrûk foar treinen rjochting Geldermalsen en it westlike kopspoar 20 wurdt allinnich yn de moarntiid brûkt troch in Sprinter rjochting Rotterdam. Dêrneist hat Doardt noch in tal frachtspoaren. Oan 'e westkant fan it emplasemint, op 'e hichte fan de eardere Spoarweihaven, slút de stamline nei de Doardtske havens oan.

Yn 1995 is in tredde spoar rjochting Lage Zwaluwe oanlein. Dit om frachttreinen de mooglikheid te jaan om te wachtsjen bûten it stasjon sûnder reizgerstreinen te hinderjen. Ek kommende fan Geldermalsen is in ekstra spoar oanlein.

Treinferbinings

SearjeTreintypeRûteTsjinstroaster
2200Intercity (NS)Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalFlissingen
2400Intercity (NS)Lelystêd SintrumAlmere BûtenAlmere Sintrum – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Leien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardt
3700Intercity (NS)DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenloRydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
21400Intercity (NS)Rotterdam SintraalDoardtEindhoven SintraalUtert-SintraalAlinne freedtenachts
5000Sprinter (NS)De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardtRydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.
5100Sprinter (NS)De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt
5900Sprinter (NS)DoardtRoosendaalJûns en yn it wykein ien kear yn 'e oere.
6600Sprinter (NS)DoardtBredaTilburchDe Bosk – Nimwegen – Arnhim SintraalRydt allinnich yn de spits tusken Nimwegen en Arnhim Sintraal v.v.
7100Sprinter (Qbuzz)Doardt – Gorkum
7300Sprinter (Qbuzz)Doardt – Gorkum – Geldermalsen

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: