Sjoerd Spoelstra

Sjoerd Spoelstra (Inkhuzen, 30 april 1901 – dêre, 30 july 1967) wie in Nederlânsk sjoernalist, amateur-taalkundige, folklorist, muzikant en publisist, dy't benammen oer syn berteplak Inkhuzen publisearre.

Sjoerd Spoelstra
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSjoerd Spoelstra
nasjonaliteit Nederlânsk
berne30 april 1901
berteplakInkhuzen (Noard-Hollân)
stoarn30 july 1967
stjerplakInkhuzen (Noard-Hollân)
etnisiteit Frysk
Nederlânsk
wurk
taalNederlânsk
sjenrenon-fiksje (folkloare, taalkunde)
perioademidden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Enkhuizer Woordenboek
jierren aktyf19481967
offisjele webside
n.f.t.

Hy wie de soan fan Sjoerd Spoelstra sr. en Neeltje Kok. As sjoernalist brocht er it ta sjef bûtenlânske korrespondinsje. Dêrnjonken wied er siktaris fan it Inkhúster oratoariumkoar Stem en Snaren, fan 'e feriening Muziekkring, fan 'e stifting Vrienden van het Zuiderzeemuseum en fan 'e pleatslike Klokkenspelvereniging. Ek siet er yn it bestjoer fan 'e feriening Oud Enkhuizen. Hy skreau withoefolle artikels oer syn bertestêd en sammele jierrenlang ynformaasje yn foar in earste wurdboek fan it Inkhúster stedsdialekt. Uteinlik bedarre dat wurk nei syn dea yn 1981 by it Meertens Ynstitút, yn Amsterdam, dat der it Enkuizer Woordenboek út gearstalde, dat yn 1983 útkaam.

Wurk

  • 1948-1951 – De Speelwagen
  • 19?? – Uit het Peperhuis (1ste en 3de searje)
  • 19?? – Jaarboek XXII (oersjoch fan publikaasjes oer Inkhuzen)
  • 1983 – Enkhuizer Woordenboek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: