Sighetu Marmației

Sighetu Marmației, ek wol Sighet, is in stêd yn it distrikt Maramureș yn Roemenië tsjin de grins mei Oekraïne, yn de Theissdelling. De stêd wie oarspronklik Hongaarsk en hjitte doe Máramarossziget. It wie de haadstêd fan it komitaat Máramaros. Sûnt de Earste Wrâldoarloch beheart de stêd ta Roemenië, útsein in Hongaarske perioade yn de Twadde Wrâldoarloch.
De Hongaren foarmen oant de Twadde Wrâldoarloch de mearderheid fan de befolking.

Sighetu Marmației
FlaggeWapen
Polityk
Lân Roemeenje
Distrikt (județ)Maramureș
Gemeente
Sifers
Ynwennertal37.640 (2011)
Oerflak165.36 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens278 / km²
Stêdekloft(2012)
Hichte274 m
Oar
TiidsôneEast-Jeropeeske Tiid UTC+2
SimmertiidUTC+3
Websidewww.primaria-sighet.ro
Lokaasje fan Sighetu Marmației

Oan de noardkant fan de rivier leit it stedsje Solotvyno yn Oekraïne. De brêge tusken beide stêden waard yn 1944 ferwoastge. Earst yn 2007 wie in nije brêge klear.

Demografy

Histoaryske befolking neffens de folkstellingen fan:

  • 1910 - 21370
  • 1930 - 27270
  • 1948 - 18329
  • 1956 - 22361
  • 1966 - 29771
  • 1977 - 38146
  • 1992 - 44185
  • 2002 - 41246
  • 2011 - 37640

De stêd hat 37.640 ynwenners yn 2011.[1]

Neffens de folkstelling fan 1910 hie de stêd 21.370 ynwenners; de befolking bestie út 17.542 (82.1%) Hongaarsktaligen, 2.002 (9.4%) Roemeensktaligen, 1.257 (5.9%) Dútsktaligen en 32 Roeteensktaligen.It tal joaden wie 7.981; sy hearden ta de Hongaarsk- en Dútsksprekkers. Der wiene doe 5.850 Gryksk-Katoliken en 4.901 Roomsk-Katoliken.[2]

Stedsbyld

Berne yn Sighetu Marmației

  • Moshe Teitelbaum (1914-2006), joadsk rabbyn
  • Elie Wiesel (1928-2016), joadsk skriuwer fan boeken oer de Holocaust, filosoof
  • Géza Frid (1904-1989), Hongaarsk-Nederlânsk komponist
  • György Jakubinyi (1946), aartsbiskop fan Alba Iulia

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: