Sekundêre kleur

In sekundêre kleur is in kleur dy't men kriget troch minging fan twa fan 'e trije primêre kleuren. As alle trije primêre kleuren nedich binne om in kleur oan te meitsjen, dan giet it om in tertiêre kleur. Wat de trije primêre kleuren binne, ferskilt lykwols yn 'e ljochttechnyk, de druktechnyk en de skilderkeunst. Dat betsjut dat ek de sekundêre kleuren yn dy fakgebieten ferskille. Njonken de trije sekundêre haadkleuren kinne der hast in ûneinige soad oare sekundêre kleuren foarme wurde troch in bytsje mear of minder fan elts fan 'e beide primêre kleuren oan it mingsel ta te foegjen.

Yn 'e ljochttechnyk

Yn 'e ljochttechnyk, bgl. op it mêd fan byldskermen en teäterbeljochting, wurdt it proses fan additive kleurminging tapast. De primêre kleuren binne dêrby read, grien en blau. De sekundêre kleuren dy't troch in kombinaasje fan twa fan dy trije kleuren oanmakke wurde kinne, binne:

magintaút read + blau
gielút read + grien
syaanút grien + blau

Yn 'e druktechnyk

Yn 'e druktechnyk past men it proses fan subtraktive kleurminging ta. De primêre kleuren binne dan maginta, syaan en giel. De sekundêre kleuren dy't dêrút foarme wurde kinne, binne:

readút wyt – maginta – giel
grienút wyt – syaan – giel
blauút wyt – syaan – maginta

Sa't men sjen kin is subtraktive kleurminging eins it spegelbyld fan additive kleurminging.

Yn 'e skilderkeunst

De skilderkeunst makket gebrûk fan ferve en dêrfoar jildt yn prinsipe itselde as foar de inket by de druktechnyk. Wol men by ferveminging dus de winske resultaten berikke, dan sil men ek hjir subtraktive kleurminging tapasse moatte. Lang foar't dy wittenskiplike kennis beskikber kaam, waarden der lykwols yn 'e skilderkeunst al fervemingingsfoarskriften opsteld. Dy binne letter fêstlein yn in net-wittenskiplike kleurelear, dy't op in soad keunstakademys noch altyd oan studinten bybrocht wurdt en ek algemien bekendheid krigen hat by in breder publyk fia it tekenûnderwiis op basisskoallen en middelbere skoallen. Yn dy, wittenskiplik sjoen ynkorrekte, kleurelear binne de tradisjonele primêre kleuren read, geel en blau. Nei minging ûntsteane dan de sekundêre kleuren grien, oranje en fiolet.

oranjeút read + giel
grienút giel + blau
fioletút blau + read

De tapassing fan 'e tradisjonele kleurelear fan 'e skilderkeunst makket it faak ûnmooglik om 'e juste resultaten te berikken. Want hoewol't in fersêde oranje yndie foarme wurde kin troch in minging fan read en giel, sil in minging fan read en blau gjin fersêde pears opsmite, en in minging fan blau en giel gjin fersêde grien. Yn 'e praktyk wurdt dat oplost troch de begripen 'blau' en 'read' sa dizenich te hâlden dat ek pigminten dy't maginta-, resp. syaankleurich binne, derûnder beflapt wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.