SC Cambuur Ljouwert

(Trochferwiisd fan SC Cambuur-Leeuwarden)

SC Cambuur Leeuwarden is in profesjonele fuotbalklup út Ljouwert. De klup waard oprjochte op 19 juny 1964 as de ferfanger fan VV Leeuwarden dy’t nei de amateurs werom kearde. De klup spilet yn it Kooi Stadion dêr't goed 15.000 minsken yn kinne. Cambuur is trije kear nei de Earedifyzje promovearre en spile yn totaal fjouwer jier op it heechste nivo. Nei it kampioenskip fan de Jupiler League yn 2013 kaam Cambuur op 'e nij even út yn de Earedifyzje. Nei twa jier degradearre de klup lykwols wer. Yn 2022 spilet de klup fannijs yn de Earedifyzje om yn 2023 wer te degradearjen nei de earste dyvizje.

Sportclub Cambuur Leeuwarden
It Cambuurstadion
It Cambuurstadion
Oprjochte19 juny 1964
PlakLjouwert
StadionKooi Stadion (2024-no)
Cambuurstadion (1964-2024)
Kapasiteit15.000
FoarsitterJohan Schikker
TrenerHenk de Jong
KompetysjeEarste Difyzje
TeamkleurenTeamkleurenTeamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
TeamkleurenTeamkleurenTeamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

Oprjochting

Sietse Westra wie de inisjatyfnimmer fan de oprjochting fan SC Cambuur, sa't de klup doedestiids noch hjitte. Westra wie fiif jier, tusken 1964 en 1969, direkteur fan de klup. De namme fan Cambuur waard yn 1988 feroare fan SC Cambuur yn Cambuur Ljouwert. Fan 1964 oant 2024 spile Cambuur yn it Cambuurstadion oan it Cambuurplein yn 2024 ferhúze de fuotbalklup nei it nij boude Kooi Stadion by it WTC Expo en de Alvestêdehal yn it westen fan de stêd.

Sportive skiednis

Cambuur koe it earste jier yn it proffuotbal fuort promovearje nei de Earste Difyzje. Dêr soe Cambuur mear as 25 jier yn fuotbalje. De Ljouwerters hawwe oant 2008 fjouwer jier, yn twa perioaden, yn de Earedifyzje spile. De earste kear wie doe't Cambuur as earste yn de Earste Difyzje einige. Dêrnei spile Cambuur yn it seizoen 1992/1993 en 1993/1994 op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân. De twadde kear dat Cambuur dêryn spylje soe, wie yn it seizoen 1998/1999 en 1999/2000. It slagge Cambuur yn 1998 te promovearjen troch de neikompetysje te winnen en sa promoasje ôf te twingen.

Yn 2000 degradearre Cambuur en moast it werom yn de Earste Difyzje. SC Cambuur hat dêrnei wer 13 jier yn de Earste Difyzje spile. Fia direkte promoasje yn it seizoen 2012/2013, troch it beheljen fan it kampioenskip spilet Cambuur sûnt it seizoen 2013/2014 op 'e nij op it heechste nivo.

It aventoer yn de Earedifyzje duorre krekt as de oare kearen twa seizoenen, diskear ûnder lieding fan trainer Henk de Jong. Yn 2016 degradearren de Ljouwerters wer en sûnt dy tiid spilet Cambuur wer yn de Earste Difyzje. De Jong naam yn it degradaasjejier ôfskied fan de klup, mar kaam yn 2019 werom, mei Sandor van der Heide as syn assistint.

Yn it seizoen 2019/20 kaam Cambuur út op it earste plak, dochs waard dat seizoen troch de KNVB net jildich ferklearre omreden de koroanakrisis. It folgjende seizoen fan 2020/21 waard de kampioenstitel fannijs helle mei 15 punten foarsprong op de twadde ploech.

Yn 2023 degradearre Cambuurwer nei de Earste Difyzje, op 10 maaie 2024 spiele Cambuur tsjin Helmond Sport de lêste kompetysjewedstriid yn it Cambuurstadion, de wedstriid einige yn lykspul.[1]

Namme, skaaimerk en klaaiïng

Namme

Cambuur is neamd nei de wyk dêr't de klup jierenlang syn stadion hie, de Cambuursterhoek, ek wol it Cambuurkertier. De namme fan de wyk komt fan de aadlike famylje Fan Cammingha, waans stins op hast itselde plak stie fan it lettere Cambuurstadion.

Skaaimerk

It skaaimerk fan SC Cambuur Ljouwert is eins in nijmoadrige ferzje fan it famyljeskyld fan de Van Cammingha's, dat sa in ferwizing is nei de skiednis fan sawol de namme as de lokaasje.

It wapen hat in giel wapenskyld mei in lizzend hart, dy't de foarpoaten útstrekt. Tegearre mei trije swarte kamen mei allegearre twa rigen swarte tosken: Twa kamen fan boppen en ien kaam ûnder.

Klaaiïng

De klaaiïng fan Cambuur bestiet foar de thúswedstriden út in giel shirt, in blauwe broek en giele sokken. Der wurdt ek wol mei wite sokken spile, as de tsjinstanner ek al mei giele sokken fuotballet. It tenu foar de útwedstriden bestiet út in wyt shirt, blauwe broek en wite sokken.

De kar foar de kleuren komt fan de stedskleuren fan Ljouwert, giel en blau. De Ljouwerter flagge bestiet út fjouwer horizontale banen, blau: giel, blau en giel.

Earelist

Earste difyzje
Winner - 2013.
Neikompetysje
Winner - 1998.
Earste difyzje
Winner - 1992.
Twadde difyzje
Winner - 1957 (as Ljouwert), 1965.

(Ferneamde) âld-spilers en âld-trainers

Seizoen 2022/23

Earste alvetal

Seleksje 2023/2024

NûmerSpilerNationaliteitKontrakt oantFoarige klup

Doelmannen

1Yanick van Osch Nederlânsk2026 Fortuna Sittard
16Daan Reiziger Nederlânsk2025 Vitesse
31Brett Minnema Nederlânsk
Frysk
2024Eigen jeugd

Ferdigeners

2Gabi Caschili Nederlânsk2025 PEC Zwolle
3Floris Smand Nederlânsk2025Eigen jeugd
4Léon Bergsma Nederlânsk2025    Aarau
5Thomas Poll Nederlânsk2024 Almere City
15Marco Tol Nederlânsk2024 Volendam
17Vito Wormgoor Nederlânsk2024 Columbus Crew
21Milan de Koe Nederlânsk2024 Harkemase Boys
22Jhondly van der Meer Nederlânsk
Frysk
2024Eigen jeugd
25Sturla Ottesen   Noarsk2025 Stabæk
27Sekou Sylla Nederlânsk2024 TOP Oss

Middenfjilders

6Jeremy van Mullem Nederlânsk2025 Sparta Rotterdam
8Daniël van Kaam Nederlânsk2025 Grins
10Fedde de Jong Nederlânsk2026 AZ
14Michael Breij Nederlânsk2024 Grins
20Vincent Pichel Nederlânsk2025Eigen jeugd

Oanfallers

7Remco Balk Nederlânsk2025 Utert
9Roberts Uldriķis Letsk2024    Sion
18Agustín Anello Amerikaansk
Italjaansk
2024 Sparta Rotterdam
19Milan Smit Nederlânsk2024Eigen jeugd

bywurke op 30-4-2024

Stêf

Technyske stêf

NammeNasjonaliteitFunksje
Henk de Jong Haadcoach
Pascal Bosschaart Meitrainer
Peter van der Vlag Keepertrainer
Martijn Barto Spitsetrainer

Medyske stêf

NammeNasjonaliteitFunksje
Nicky Boonstra Fysyk-trainer
Harvey Bischop Fysioterapeut
Kevin Koster Fysioterapeut
Dirk Steensma Fersoarger
Antje Tardy Fersoarchster

Begeliedende stêf

NammeNasjonaliteitFunksje
Peter Drijver Teammanager
Foeke Komans Teammanager
Koen Draaisma Materiaalman

Lêste update: 20 juny 2022

Top 15 skoarders yn de skiednis fan SC Cambuur

PosysjeNammeDoelpunten
1 Jan Bruin73
2 Sandor van der Heide66
3 Robert Mühren64
4 Dirk Roelfsema63
5 Jos Peltzer61
Koko Hoekstra61
7 Martijn Barto55
8 Willem van der Ark53
9 Gerrie de Jonge52
10 Mark de Vries47
11 Johan Zuidema44
12 Henk de Groot40
13 Jaap de Blaauw39
14 Erik Bakker39
15 Harry van der Laan36

Keppeling om utens