Rebec

De rebec (soms rebeck of oare ôfwikende staverings) is in mei in strykstôk bespylber strykynstrumint. Yn de meast bekende foarm hat de rebec trije snaren en wurdt op de earm, op de knibbel rêstend of dêrtusken klamme, ûnder it kin (as in fioele) bespile.

Rebeck
(Skilder Gerard David)

Oarsprong

De rebec waard ûntwikkele yn de Midsiuwen en wie tige populêr yn de 15e en 16e iuw. It is in Europeesk ynstrumint, mar nei alle gedachten ûntwikkele út de Arabyske rebab. De rebec waard foar it earst neamd as ynstrumint yn de 14e iuw, hoewol't in derop lykjend ynstrumint al bespile waard om de 10e iuw hinne.

Sjoch ek

  • Kemenche: in soarte rebec út it Swarte Seegebiet om Lyts-Aazje.
  • Kamencheh: in fjouwersnarich ynstrumint besibbe oan de kemenche.
  • Dramyin: in folksmuzykynsrtrumint út de streek fan de Himalaya.
  • Gadulka: in Bulgaarsk strykynstrumint dat grif ôfstammet fan de rebec.

Keppeling om utens