Raasay

Raasay (Skotsk-Gaelysk: Ratharsair) is in eilân fan de Binnenste Hebriden; it leit tusken it eilân Skye en it Skotske fêstelân. Raasay betsjut "Eilân fan de ree".

Lizzing fan Raasay

Raasay is it berteplak fan de dichter Sorley MacLean (yn Osgaig), in wichtich persoan yn Skotske literêre renêssânse. Earder wie it eilân it thús fan de Clan MacSween; de MacLeods bestjoerden it eilân fan de 16e oant 19e iuw. Sûnt wiene ferskate partikuliere lâneigners hjir de baas, mar tsjinstwurdich is de measte grûn fan de steat.

Benoarden Raasay leit Rona mei in stikmannich lytsere eilannen; Scalpay leit yn it súdeasten. Raasay is noard-súd sa'n 22 km lang en op it breedste punt 5 km.It heechste punt, Dun Caan (444 m), is in tafelberch en wurdt faak besocht troch geologystudinten.

It eilân hat in fearferbining mei Sconser (op Skye), in tocht fan sa'n 15 minuten. It eilân hat in pear lytse doarpen.

De measte besikers fan Raasay binne geologen of natuerleafhawwers.

De beropsbefolking op Raasay bestiet benammen út fiskers, in part wurket foar de ferrymaatskippij of op Skye (yn Portree). Der is in legere skoalle; âldere learlingen geane yn Portree nei skoalle.

Raasay hat teffens in mânske koloanje Europeeske otters.

Befolkingsoantal

The Inner Sound
Jier1780180318411881189119311961198119912001
Befolkin400 +900 +676532489377223152163194