Piterbuorren

Piterbuorren (Nederlânsk en offisjeel: Pieterburen; Grinslânsk: Paiderboeren) is in plak yn it noarden fan de provinsje Grinslân, yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne). Op 1 jannewaris 2021 hie it doarp 440 ynwenners.

Piterbourren
Pieterburen
Paiderboeren
Haadstrjitte, lofts kafee "Het wapen van Hunsingo" (eartiids "Hotel Hunsingo", no "Bij de buren van Pieter"
Haadstrjitte, lofts kafee "Het wapen van Hunsingo" (eartiids "Hotel Hunsingo", no "Bij de buren van Pieter"
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
Sifers
Ynwennertal440 1 jannewaris 2021[1]
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 24' 1" NB, 6° 27' 12" EL

Piterbuorren wurdt foar it earst yn 1371 yn in oarkonde neamd: de parochianen fan Sint Piter yn it nije lân.
De earste fernijing fan de tsjerke fan Piterbuorren is fan 1448.

Justjes noardlik fan it doarp stie oant 1903 de boarch Dijksterhuis, de lêste Grinslânske boarch dy't ôfbrutsen waard. By de sloop waarden de stiennen fan de boarch brûkt foar it bouwen fan hûzen yn Piterbuorren.

It besjen wurdich

Nijsgierrich

  • Yn Piterbuorren is de bekende seehûnekresj fan Lenie 't Hart.
  • It doarp is in startplak foar waadrinners.
  • Justjes benoarden it doarp stie oant 1903 de boarch Dijksterhuis.

Sport en rekreaasje

  • By kafee Bij de buren van Pieter begjint (of einigt) it Piterpaad.
  • Troch it doarp rint de Europeeske kuierroute E9, hjir North Sea Trail of Waad- en Wierdenpaad neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: