Oppenheim

Oppenheim is in stêd oan 'e lofter igge fan de Ryn yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts, likernôch tusken Mainz yn it noarden en Worms yn it suden. De stêd is bekend as wynstêd fanwegen de winen fan it grutte areaal Oppenheimer Krötenbrunnen. Yn 'e stêd is it Deutsches Weinbaumuseum fêstige

Oppenheim
Fakwurkhuzen oan de Kramerstraße en Mainzerstraße
Fakwurkhuzen oan de Kramerstraße en Mainzerstraße
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringMainz-Bingen
Sifers
Ynwennertal7.560 (2022)
Oerflak7,1 km²
Befolkingsticht.1.065 ynw./km²
Hichte87 m
Oar
Postkoade55276
Koördinaten49° 50' N 8° 21' E
Offisjele webside
www.stadt-oppenheim.de
Kaart
Oppenheim (Rynlân-Palts)
Oppenheim

Bestjoer

Oppenheim is it haadplak fan de ferbânsgemeente Rhein-Selz. Rhein-Selz makket diel út fan 'e lânkring Mainz-Bingen.

It besjen wurdich

  • De fan reade sânstien boude Katarinatsjerke mei oan de noardlike kant de Michaelkapell.
  • De ruïne fan de boarch Landskron.
  • It Oppenheimer Kellerlabyrinth, in likernôch 40 km. lang systeem fan kelders, gongen en treppen fan fiif ferdjippings ûnder de stêd
  • It nasjonale Wynbou Museum
  • De binnenstêd mei fakwurkhûzen en dielen fan 'e âlde stêdsbefêstiging

Ofbylden

Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oppenheim fan Wikimedia Commons.