Moxee (Washington)

Moxee is in plak (city) yn Yakima County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It plak hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 3308. It plak leit 12 km eastlik fan Yakima.

Moxee
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatWashington
CountyYakima County
Sifers
Ynwennertal3308 (2010)
Oerflak4,38 km²
Befolkingsticht.755,8 /km²
Hichte324 m
Oar
Stifting1867
Postkoade98936
TiidsônePacific (PST)UTC-8
SimmertiidUTC-7

De earste bewenners wiene de Yakamayndianen. De earste bewenners fan Jeropeesk komôf,Mortimer Thorp en ferskate Frânsk-Kanadeeske boeren strutsen hjir del yn 1867. In waarmwetter boarne op de ranch fan Thorp, dy't it hiele jier rûn stoom blaasde, wie by de Yakama bekend as Moxee, in Sahaptynsk wurd foar in ytbere woartel en waard de namme foar it nije wenplak.

De sânige grûn en it mylde klimaat wiene tige geskikt foar it waaksen fan druven en hops, wêr't bier fan makke wurd. Om 1900 hinne hie it Noard Pasifysk Spoar (Northern Pacific Railway) in spoar flakby dien makke en bewetteringskanalen waarden oanlein om wetter nei it drûge lân te ferfieren, dêr't noch mear boulân oanmakke waard. Dat luts noch mear Frânske en Frânsk-Kanadeeske emigranten. In Frânske skoalle waard stifte en missen yn de katolike tsjerke (Holy Rosary Parish) waarden oant de tiid fan de Earste Wrâldkriich yn it Frânsk hâlden.
Op 27 april 1921 waard Moxee in gemeente. Dyk- en strjitnammen lykas Charron, Baucher, Rivard, Beaudry, Desmarais, Robillard, Beauchene, Gamache, Morrier en St.Hillaire bringe noch it Frânsk-Kanadeeske erfskip te binnen. Notiids is in tredde part fan de befolking Hispanic.

Hjoeddedei is noch hieltyd de lânbou en de ferwurkjende yndustry de wichtichste boarne fan ynkommen.

Elts jier yn augustus is it Moxee Hop Festival.

Keppeling om utens