Meklenburch-Foarpommeren

Meklenburch-Foarpommeren, Dútsk: Mecklenburg-Vorpommern, Nedersaksysk: Mekelnborg-Vörpommern) is in dielsteat yn it noardeasten fan Dútslân. Yn dizze dielsteat wenje net in protte minsken en hy heart ta de tinst befolke dielsteaten. De haadstêd is Schwerin mei yn it slot de Lândei fan de dielsteat. De grutste stêd is de havenstêd Rostock. Meklenburch-Foarpommeren waard yn 1990 oprjochte nei de Dútske Weriening.

Meklenburch-Foarpommeren
FlaggeWapen
Vlag van Mecklenburg-Voor-PommerenWapen van Mecklenburg-Voor-Pommeren
Lokaasje yn Dútslân
Kaart
Basisgegevens
Lân Dútslân
HaadstêdSchwerin
Oerflakte23.170 km²
Befolking1.693.754(31-12-2006)
Befolkingstichtens77 ynw./km²
Distrikten
Districten van Mecklenburg-Voor-Pommeren

Geografy

Schloss Schwerin

Meklenburch-Foarpommeren wurdt yn it noarden begrinze troch de Eastsee, dêr't grutte eilannen lizze as Rugen en Usedom en in rige lytsere eilannen. De neistlizzende dielsteaten binne Sleeswyk-Holstein yn it westen, Nedersaksen yn it súdwesten en Brandenburch yn it suden. Yn it easten grinzet er oan Poalen (West-Pommeren). Yn it súdwesten foarmet de Elbe de grins fan de dielsteat en yn it easten de Oder. Grutte stêden binne njonken Rostock en Schwerin ek Stralsund, Greifswald, Wysmar en Neubrandenburch.

Skiednis

Meklenburch-Foarpommeren bestiet út de histoaryske kriten Meklenburch en Foarpommeren, dat it westlike en Dútsk bleaune part fan de foarkriichske Dútske provinsje Pommeren, dy't yn 1945 foar it grutste part troch Poalen anneksearre waard. De rivier de Recknitz foarmet de grins tusken Meklenburch en Foarpommeren. De twa kriten wiene fan 1949 oant 1952 al foar in lyts skoftke feriene yn ien dielsteat dy't doe ta de DDR hearde, dat yn 1952 in bestjoerlike weryndieling en fernijing trochfierde. Yn 1990 waard de dielstyeat fannijs oprjochte as ien fan de nije bûnsteaten.

Bestjoerlike yndieling

Meklenburch-Foarpommeren is sûnt 2011 ûnderferdield yn seis distrikten (Landkreise) en twa stêdsdistrikten (kreisfreie Städte).

Distrikten (Landkreise)

  1. Foarpommeren-Greifswald
  2. Foarpommeren-Rugen
  3. Ludwigslust-Parchim
  4. Noardwestmeklenburch
  5. Mecklenburgische Seenplatte
  6. Rostock

Stêdsdistricten (Kreisfreie Städte)

  1. Rostock
  2. Schwerin

Histoaryske yndieling

Eardere yndieling fan Meklenburch-Foarpommeren

Fan 1990, doe't de dielsteat Meklenburch-Foarpommeren ûntstie, oant de bestjoerlike weryndieling fan 2011 wie de yndieling:

Distrikten (Landkreise)

  1. Bad Doberan
  2. Demmin
  3. Güstrow
  4. Ludwigslust
  5. Meklenburch-Strelitz
  6. Müritz
  1. Noardfoarpommeren
  2. Noardwestmeklenburch
  3. Eastfoarpommeren
  4. Parchim
  5. Rugen
  6. Uecker-Randow

Stêdsdistricten (Kreisfreie Städte)

  1. Greifswald
  2. Neubrandenburch
  3. Rostock
  4. Schwerin
  5. Stralsund
  6. Wysmar
 
Meklenburch-Foarpommeren
Landkreise

Foarpommeren-Greifswald - Foarpommeren-Rügen - Ludwigslust-Parchim - Mecklenburgische Seenplatte - Noardwest-Meklenburch - Rostock

Kreisfreie Städte

Rostock - Schwerin

 
Dútslân
Baden-Wuertemberch - Beieren - Berlyn - Brandenburch - Bremen - Hamburch - Hessen - Meklenburch-Foarpommeren - Nedersaksen - Noardryn-Westfalen - Rynlân-Palts - Saarlân - Saksen - Saksen-Anhalt - Sleeswyk-Holstein - Tueringen