Manon Scheepstra

Manon Scheepstra (Harns, 2 maart 1993) is in keatster fan Frjentsjer dy't selektearre haadklasser is en meardere Frouljus-PC's wûn hat. Tsjinwurdig wennet se yn Ljouwert.

Famylje

Scheepstra stammet fan memmekant ôf fan'e familje Seerden. Har broer Patrick Scheepstra keatst ek yn'e haadklasse. Se hat in relaasje mei âld haadklassekeatser Daniël Iseger.

Prizen

Scheepstra wûn oant en mei 2021 sân keer de Frouljus-PC. Fjouwer wûn se mei Ilse Tuinenga. Yn 2013, 2015 en 2021 waard se Keninginne. De Ald-Meiers Partij wûn se yn 2008 mei Frjentsjer, yn 2014 pakte se (foar it earst) de Jong Famme Partij. Mei it winnen fan it NK Dames mei Goutum yn 2021, pakte Scheepstra ek de fjouwerde Wimpel.[1][2]

Beskermfrou

Sûnt 2016 is Scheepstra beskermfrou fan'e Jong Famme Partij.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: