MTV Unplugged in New York

MTV Unplugged in New York is in live-album fan Nirvana. It album waard opnommen op de 18 novimber 1993 yn de Sony Music studio's, yn New York en waard in jier letter in pear moannen nei it ferstjerren fan Kurt Cobain útbrocht.

MTV Unplugged in New York
algemiene ynformaasje
artystNirvana
taalIngelsk
sjenreGrunge
útbrocht1 novimber 1994
opnommenSony Music studio's,
18 novimber 1993
doer53:50 CD
labelDGC
produsintAlex Coletti,
Scott Litt,
Nirvana
resultaten
albumlistenflagge fan Nederlân Album top 100 - 2,
flagge fan Belgje Ultratop - 1
sertifisearre Argentynje 3x platina,
Austraalje 5x platina,
Eastenryk 2x platina,
Belgje 3x platina,
Brazylje platina,
Kanada 9x platina,
Finlân goud,
Frankryk 2x platina,
Itaalje platina,
Japan platina,
Meksiko goud,
Nederlân platina,
Nij-Seelân platina,
  Noarwegen platina,
Poalen platina,
Spanje 2x platina,
Sweden platina,
  Switserlân 2x platina,
Grut-Brittanje 3x platina,
Feriene Steaten 8x platina
albumgronology fan Nirvana
In Utero
(1993)
 MTV Unplugged in New York
(1994)
 

By it optreden krigen de trije leden fan Nirvana help fan de bruorren Kirkwood fan de Meat Puppets en Pat Smear, de gitarist dy't live faak mei wie as twadde gitarist. Der wurdt ek sello op it album spile, troch Lori Goldston, en yn Jesus Doesn't Want Me for a Sunbeam bespilet bassist Novoselic in akkordeon.

Der waarden sawol eigen nûmers as ek nûmers fan oare bands spile lykas fan The Vaselines, Lead Belly, David Bowie en de Meat Puppets. It album befettet twa nûmers dy't yn de telefyzje-útstjoering net hearre litten waarden om't de útstjoering mar in oerke duorje mocht dit binne: Something in the Way en Oh Me. Live waarden ek koarte ymprovisaasjes spile fan Lynyrd Skynyrds Sweet Home Alabama en de Nirvana-nûmers Sliver en In Bloom. Yn 2007 waard it unplugged optreden op DVD útbrocht mei in fiiftal repetysjes as boanus nûmers.

Spyllist

nû.titelskriuwersalbumdoer
1.About a GirlKurt CobainBleach3:37
2.Come as You AreCobainNevermind4:13
3.Jesus Doesn't Want Me for a Sunbeam
(The Vaselines cover)
Eugene Kelly,
Frances McKee
Dying for It4:37
4.The Man Who Sold the World
(David Bowie cover)
David BowieThe Man Who Sold the World4:20
5.Pennyroyal TeaCobainIn Utero3:40
6.DumbIn UteroCobain2:52
7.PollyCobainNevermind3:16
8.On a PlainCobainNevermind3:44
9.Something in the WayCobainNevermind4:01
10.Plateau
(Meat Puppets cover)
Curt KirkwoodMeat Puppets II3:37
11.Oh Me
(Meat Puppets cover)
KirkwoodMeat Puppets II3:26
12.Lake of Fire
(Meat Puppets cover)
KirkwoodMeat Puppets II2:56
13.All ApologiesCobainIn Utero4:23
14.Where Did You Sleep Last Nightarranzjearre troch Lead Bellytradisjonal5:08

Single

titelskriuwersalbumdoerutbrocht
About a GirlKurt CobainBleach3:3724 oktober 1994

Muzikanten

Gastmuzikanten

  • Lori Goldston – sello
  • Curt Kirkwood – gitaar
  • Cris Kirkwood – bas