Leons

Leons, earder ek wol 'Liouwens', is in terpdoarp yn de gemeente Ljouwert. It is ien fan de lytste doarpen fan de gemeente.

Leons
Doarpssicht
Doarpssicht
Emblemen
               
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal30 (2022) [1]
Oerflak1,92 km²
werfan lân: 1,88 km²
werfan wetter 0,05 km²
Befolkingsticht.16 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 09' N 05° 40' E
Offisjele webside
Side Húns-Leons
Kaart
Leons (Fryslân)
Leons

Skiednis

Yn de 13e iuw waard it doarp foar it earst as 'Leonghem' neamd. Oare foarmen binne 'Lyons' (1438), 'Lyowens' (1440), Leons (1445), Leogini (1482), 'Lyoens' (1511), Leons (1529), 'Lions' (1530) en 'Lyons' (1543). It earste stikje fan de namme soe oerienkomme mei de tsjintwurdige namme Liuwe.[2]

Katarinatsjerke

De 14e iuwske Katarinatsjerke fan it doarp is fan romaanske oarsprong en stiet op in restant fan de ôfgroeven terp. De tsjerke wurdt foar kulturele aktiviteiten brûkt, mar der is ek noch regelmjittich preek. Yn de muorre is in tinkstien oanbrocht ta neitins oan de fersetsmanlju Pieter Pier Reitsma en Hein Schukken, twa ynwenners fan Leons dy't yn 1944 yn Vucht fusillearre binne

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Leons diel út fan de gemeente Baarderadiel. Dêrnei wie it in doarp yn de gemeente Littenseradiel en op 1 jannewaris 2018 waard Leons yndield by de gemeente Ljouwert.

Mienskip

Om't it doarp sa lyts is, wurdt in soad gearwurke mei Húns. Der is in feriening foar doarpsbelang. It doarpshûs 'De Murdhûn' stiet yn Húns. Yn it doarpshûs sit winterdeis de soas. Ynwenners fan Leons wurde 'wynhûnen' neamd en Húnsers stean bekend as 'murden'. Alle jierren is der merke.

Befolkingsferrin

Jier1954195919641969197420042022
Ynwenners41484949482030

Tsjerke

De Wikipedy hat ek in side Katarinatsjerke (Leons).
  • Protestantske gemeente Hilaard-Húns-Leons

Ferskaat

  • Yn Leons is in romeinsk brûnzen byldsje fûn fan de goadinne Fortuna, dat yn it Frysk Museum bewarre wurdt.
  • Der ride bussen nei Ljouwert en Boalsert.
  • 'De Takomst' is de toanielferiening.
  • Doe't de keatsferiening hûndert jier bestie is it boekje "Húns en Leons yn fûgelflecht" útjûn.

Strjitten

Leons hat gjin strjitnammen. Leons hat allinne nûmers.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
wizigje