Klaverblaujurkje

It klaverblaujurkje (Cyaniris semiargus, foarh. Polyommatus semiargus) is in flintersoarte yn it skaai fan de klaverblaujurkjes (Cyaniris).

klaverblaujurkje

mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammelidpoatigen (Arthropoda)
klasseynsekten (Insecta)
skiftflinters (Lepidoptera)
famyljereachwjukflinters (Lycaenidae)
skaaiklaverblaujurkjes (Cyaniris)
soarte
Cyaniris semiargus
Rottemburg, 1775
IUCN-status: net bedrige

Foarkommen

De flinter hâldt fan drûge greiden. De flinter wurdt sa no en dan sjoen in Limburch. Yn 2006 binne se op ferskillende plakken sjoen. De jierren dêrfoar binne se ek sjoen, mar faak wie dat mar tydlik. It is in honkfêste soarte.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as ferdwûn, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

Fljochtiid

De flinter fljocht fan mids maaie ôf oant mids septimber. Fljocht yn 1 en soms yn meardere generaasjes.

De flinter

De wjuklingte is likernôch 15 mm. De boppekant fan de wjukken is by de mantsjes fiolet blau mei swarte rânen, by it wyfke binne se brún.

De rûp

De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp yn in blêdelaach. De rûp groeit yn de neisimmer en yn 'e maitiid.

Sjoch ek