Klant

(Trochferwiisd fan Klandyzje)

In klant is de ôfnimmer fan guod of fan in tsjinst fan in leveransier. Yn begjinsel is it sa dat dêr in foarm fan betelling foaroer stiet, dy't faak, mar net altyd, yn in foarm fan jild (kontant of troch in oermakking) foldien wurdt. Foar in protte organisaasjes binne klanten in wichtige boarne om, itsij direkt, itsij yndirekt, ynkomsten te krijen, sadat se omset meitsje kinne.

It wurd 'klant' komt fan it Frânske client, dat oarspronklik de betsjutting hie fan "belangstellende". In lettere ûntliening fan datselde Frânske wurd is kliïnt, dat beskôge wurde kin as in wat deftiger klinkend eufemisme foar 'klant'. Alle klanten of kliïnten byinoar wurde ek wol oantsjut as de klandyzje of de kliïntêle.

Yn guon sektoaren fan 'e ekonomy wurde klanten mei oare termen oantsjut:

  • Yn it iepenbier ferfier sprekt men ynstee fan klanten faak fan reizgers of fan passazjiers.
  • Yn 'e sûnenssoarch sprekt men fan pasjinten, behalven yn 'e geastlike sûnenssoarch, dêr't men it hat oer kliïnten.
  • Ek by guon tsjinstferlienende beroppen, lykas yn 'e advokatuer of by notarissen sprekt mei fan kliïnten.
  • By in wenfoarsjenning wurdt wol de oantsjutting residint brûkt.
  • Yn 'e hoareka sprekt men gauris fan gasten.
  • Yn 'e bou hat men it ornaris oer in opdrachtjouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.