King's Lynn

King's Lynn is in plak yn Grut-Brittanje, yn it greefskip Norfolk, distrikt King's Lynn en West Norfolk. It leit oan de rivier de Great Ouse, op it plak wêr't dy yn The Wash streamt. Fuort by King's Lynn begjinne The Fens, in gebiet op seenivohichte, dat yn de midsiuwen drûglein waard.

King's Lynn
Sicht op King's Lynn oan de Grutte Ouse
Sicht op King's Lynn oan de Grutte Ouse
Polityk
LânFeriene Keninkryk
GreefskipNorfolk
RegioEast Ingelân
Sifers
Ynwennertal42.800 (2007)
Oerflak28,4 km²
It Hânzekantoar anneks pakhûs yn King's Lynn
It Vancouver-winkelsintrum

De stêd hat twa teaters, museums en oare kulturele- en sportfoarsjennings. Der binne trije middelbere skoallen en ie kolleezje. De tsjinstesektor, ynformaasje- en kommunikaasjetechnology soargje foar beheinde wurkgelegenheid foar ynwenners fan King's Lynn en omkriten.

Ut de skiednis

Oarspronklik hjitte it plak Bishop's Lynn, omdat it yn de 12e iuw ta it lân fan de biskop fan Norwich hearde. Doe't kening Hindrik VIII alle kleasters yn 1538 ophefte, kaam Bishop's Lynn oan de kroan en waard it keninklik besit. Dat feit ferklearret de nammeferoaring yn King's Lynn.

Yn de 14e iuw wie King's Lynn de 3e haven fan it Feriene Keninkryk, De Hânze hie dêr in faktorij. It iennige noch besteande Hânzekantoar yn Ingelân stiet dêr. King's Lynn hat altyd in fiskersplak west dêr't de fangst ek ferwurke waard. Fan de 17e iuw ôf gie it it plak tige foar de wyn troch de eksport fan nôt.

Ekonomy

De haven wie foar it lêst fan grut belang as ymporthaven foar auto's fan it merk Škoda Auto. Oant 2007 hie de firma Cambell's Soup der in fabryk. Yn 2008 waard de grutste papiermasine foar krantepapier fan Europa dêr boud. De masine kin 2000 m/min produsearje en hat in jierkapasiteit fan 400.000 ton De troch Voith Paper foar de Palm Groep boude ynstallaasje betsjinnet fral de Britske merk. King's Lynn wie — en is — in wichtich sintrum foar de glêsmakkerij.Fierders binne der in tal gemyske fabriken.

Iepenbaar ferfier

King's Lynn leit sûnt 1847 oan de Fen Line, sadat it plak in ferbining oer it spoar hat mei Ely, Cambridge en King's Cross in Londen.

Partnerstêden

Ferneamde persoanen

  • De assistint-dûanebeämte fan King's Lynn (yn 1757) hjitte George Vancouver. Hy sylde yn 1790 nei de kust fan Noard-Amearika en joech syn namme oan it eilân Fankoever en de stêd Vancouver.
  • King's Lynn wie (doe noch Bishop's Lynn) it berteplak fan de mystika en skriuwster Margery Kempe (15e iuw).
  • Florence Green (1901-2012), ien fan de âldste minsken fan it lân en feteraan fan de Earste Wrâldkriich wenne yn King’s Lynn.