Kim Basinger

Kim Basinger (Athens (Georgia), 8 desimber 1953) is in Amerikaansk aktrise.

Kim Basinger
Kim Basinger

Yn de twadde helte fan de jierren 70 krige hja lytse rollen yn rigen as Charlie's Angels, mar sy briek troch as Bond-famke yn de James Bond-film Never Say Never Again út 1983. Dêrnei spile sy yn oare bekende films as Nine 1/2 Weeks (1986) en Nadine (1987). In wichtige rol hie sy yn Batman (1989) en L.A. Confidential (1997). Foar de lêste film krige hja in Oscar foar de bêste froulike byrol.

Tusken 1980 en 1988 wie hja troud mei Ron Snyder-Britton, en fan 1993 oant 2002 mei akteur Alec Baldwin, mei wa't hja nei de skieding in lange rjochtsaak fierde oer de fâdij fan harren bern.

Films

  • Hard Country (1981)
  • Mother Lode (1982)
  • Never Say Never Again (1983)
  • The Man Who Loved Women (1983)
  • The Natural (1984)
  • Nine 1/2 Weeks (1986)
  • My Stepmother is an Alien (1988)
  • Batman (1989)
  • Final Analysis (1992)
  • Cool World (1992)
  • The Real McCoy (1993)
  • Prêt-à-Porter (1994)
  • L.A. Confidential (1997)
  • I Dreamed of Africa (2000)
  • 8 Mile (2002)
  • Cellular (2004)
  • Even Money (2006)
  • The Sentinel (2006)
  • While She Was Out (2008)
  • The Informers (2008)
  • The Burning Plain (2009)
  • Charlie St. Cloud (2010)
  • The Nice Guys (2016)

Trivia

  • Basingers beppe wie foar in part Cherokee-yndiaan
  • Se kocht en ferkocht har eigen stêdsje yn Georgia: Braselton.
  • De haadrol yn Basic Instinct wegere sy, wêrnei't Sharon Stone him krige.

Keppeling om utens