Kim-Lian van der Meij

Kim-Lian van der Meij (Beverwyk, 1 oktober 1980) is in Nederlânsk presintatrise, aktrise, model, sjongster en dûnseresse. Hja briek troch mei rollen yn 'e tillefyzjesearjes Kees & Co. en Costa!, mar wie letter benammen wurksum as presintatrise fan û.o. kwissen, talintejachten en realitytillefyzjeprogramma's. Dêrnjonken boude Van der Meij ek in bloeiende karriêre op as musicalaktrise, wêrby't se û.m. te sjen wie yn De Kleine Zeemeermin, Fame en Shrek de Musical. Fierders is se ek gauris as stimaktrise by de Nederlânsktalige neisyngronisearring fan tekenfilms belutsen.

Kim-Lian van der Meij
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte nammeKim-Lian van der Meij
nasjonaliteit Nederlânsk
berne1 oktober 1980
berteplakBeverwyk (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
Yndonezysk
wurkpaad
wurksum aspresintatrise, aktrise, model
sjongster, dûnseresse
mediumtillefyzje
wurksum byJetix, SBS, NCRV
bekend fanGoede Tijden, Slechte Tijden
CallTV
jierren aktyf1996 – no
prizenMiss Fitness Nederlân 1998
offisjele webside
www.kim-lian.nl

Libben en karriêre

Jonkheid

Van der Meij waard yn 1980 berne yn it Noardhollânske Beverwyk en is foar in part fan Yndonezysk komôf. As bern die se mei oan ferskate pleatslike dûnswedstriden, en teffens oan guon playbackshows. Twa kear, op har sechsde en op har alfde, wie se op 'e tillefyzje te sjen yn 'e Mini-Playbackshow fan Henny Huisman. Doe't se sechstjin jier wie, sette Van der Meij útein om as model te wurkjen. Se posearre foar fotoreportaazjes en reklamewurk, en paradearre as mannekên by moadeshows oer de catwalk. Ek die se oan fitness, en yn 1998, op har achttjinde, wûn se de titel Miss Fitness Nederlân.

Tillefyzjekarriêre

Fanôf likernôch 2000 wie Van der Meij as aktrise te sjen yn tillefyzjesearjes lykas de komeedzjesearje Kees & Co. en de jeugddramasearjes Bonbini Beach en Costa! Ek hie se in gastrol yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden. Oanslutend wie se aktyf as presintatrise by CallTV en fan 'e kwis Puzzeltijd. Nei't der in pear jier net safolle fan Van der Meij fernommen wie, kearde se op 'e tillefyzje werom as presintatrise fan 'e Kids Top 20, in nij programma op 'e bernestjoerder Jetix. Yn 2006 presintearre se ek Nationale Kids TV.

Yn desimber 2007 die Van der Meij tegearre mei Sipke Jan Bousema de presintaasje fan 'e ynternasjonale finale fan it fyfde Junior Eurofyzjesongfestival yn Rotterdam. Yn 2012 presintearrre hja mei Ewout Genemans ek de ynternasjonale finale fan it tsiende Junior Eurofyzjesongfestival. Yn 2009 hie Van der Meij in rol yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen en presintearre se it spulprogramma Hider in the House by de NCRV. Yn 2011 wie se gastpanellid yn 'e sjuery fan 'e talintejacht Op Zoek naar Zorro. Datselde jiers naam se diel oan it earste seizoen fan 'e nije searje fan it spulprogramma Fort Boyard. It aktearwurk fan Van der Meij út 'e 2010-er jierren omfieme benammen rollen yn bernefilms en bernesearjes. Dêropta wie se ek in protte aktyf as stimaktrise by Nederlânsktalige neisyngronisearrings fan bûtenlânske tekenfilms, lykas yn Tangled (as Rapûnske), Rio (as de pappegaai Jewel), The Smurfs (as Smurfin), Rio 2 (op 'e nij as Jewel) en Ralph Breaks the Internet (wer as Rapûnske).

Yn 2013 presintearre Van der Meij it Gouden Televizier-Ring Gala. Yn 2014 wûn se de nijjiersútstjoering fan Paul de Leeuw syn show Ranking the Stars. Datselde jiers sette se útein mei in nije baan by SBS Broadcasting, dy't û.m. har presintaasje fan 'e rabbersrubryk Shownieuws, op 'e stjoerder SBS 6 omfieme. Fierders presintearre hja op Net 5 yn it neijier fan 2014 it programma Het Geheim van een Goed Huwelijk. Fan ein augustus 2015 ôf presintearre Van der Meij it wyklikse praatprogramma Thuis op Zondag. Oant jannewaris 2016 wie Dirk Zeelenberg dêrby har fêste ko-presintator, mar neitiid gie se allinnich troch. Yn 2022 die Van der Meij mei oan it realityprogramma Wie is de Mol?, wêryn't se de ferliezende finalist wie.

Sjongkarriêre

Bij platemaatskippij CNM krige Van der Meij begjin 2000-er jierren de kâns en meitsje har eigen muzykalbum. Har earste single, Teenage Superstar, waard yn oktober 2003 in top 10-hit yn 'e Nederlânske Top 40. Nei noch ferskate oare singles, wêrûnder Hey, Boy! en Garden of Love, kaam yn 2004 Van der Meij har debútalbum Balance út, dat ek ferskynde yn û.m. Belgje, Itaalje, Yndoneezje, Singapoer en Súd-Afrika. Yn 'e simmer fan dat jier publisearre se de single Kids in America, in cover fan in liet fan Kim Wilde.

Ewout Genemans en Kim-Lian van der Meij yn 2012, as presintators fan it tsiende Junior Eurofyzjesongfestival.

Yn 2005 rekke Van der Meij lykwols by CNM wei nei't der op artistyk mêd spul ûntstien wie. Dêrnei sette se dermei útein om har muzyk yn eigen behear út te jaan, begjinnend mei de single Road to Heaven en har twadde album Just Do It, beide út 2006. Yn it neijier fan 2009 waard it skeel mei CNM bylein en krige Van der Meij in nij platekontrakt oanbean. Under ynfloed fan har Sweedske frijer socht se dêrnei gearwurking mei de Sweedske sjongster Linda Bengtzing, mei wa't se de single Not That Kinda Girl opnaam en útbrocht yn Nederlân, Flaanderen, Sweden, Noarwegen en Finlân.

Musicalkarriêre

Njonken har wurk as sjongster is Van der Meij ek tige aktyf as musicalaktrise. Ein 2003 spile se de rol fan prinsesse Madelein yn 'e musical Kunt U Mij de Weg naar Hamelen Vertellen, Mijnheer? Tegearre mei Kathleen Aerts (earder fan K3) fertolke se fierders de titelrol yn 'e musicalferzje fan De Kleine Zeemeermin. Teffens spile se yn 2007 de rol fan Janis yn 'e musical Doe Maar!, wêrnei't se yn 2008 as Carmen yn 'e musical Fame te sjen wie, as de tsjinspylster fan Jim Bakkum.

It earste healjier fan 2009 wie Van der Meij te sjen yn 'e haadrol fan Ariël yn 'e musical Footloose, en fanôf oktober 2010 fertolke se de (op it wite doek troch Reese Witherspoon ferneamd makke) haadrol fan Elle Woods yn 'e musicalferzje fan Legally Blonde. Oanslutend wie se as Roos te sjen yn Daddy Cool. Fan oktober 2012 ôf spile Van der Meij ta einbeslút de haadrol fan prinsesse Fiona yn Shrek de Musical, wêrby't se William Spaaij as tsjinspiler hie.

Oar wurk

Van der Meij hat sûnt 2013 ek in trijetal berneboeken skreaun, wêrfan twa yn gearwurking mei Gitte Spee.

Priveelibben

Van der Meij hat sûnt 2003 in relaasje mei Daniel Gibson, in Sweedske muzykprodusint, mei wa't se yn 'e kunde kaam doe't er har debútsingle Teenage Superstar foar har skreau. Hja hawwe ien dochter en twa soannen. Fanwegen swierwêzen moast Van der Meij yn 2008 har rol yn 'e musical Fame in hoart dellizze, en yn 2013 waard har rol yn Shrek de Musical om deselde reden ferskate moannen oernommen troch Anouk Maas.

Bibliografy

  • 2013 – Sinterklaas Is een Snoeperd
  • 2013 – Dierendorpje (mei Gitte Spee)
  • 2014 – Dierendorpje in Rep en Roer (mei Gitte Spee)

Diskografy

albums
  • 2005 – Balance
  • 2006 – Just Do It
singles
  • 2003 – Teenage Superstar
  • 2004 – Hey, Boy!
  • 2004 – Garden of Love
  • 2004 – Kids in America
  • 2006 – Road to Heaven
  • 2006 – In Vain
  • 2009 – Gemengde Gevoelens
  • 2009 – Not That Kinda Girl
  • 2012 – Dit Pakt Niemand Ons Meer Af
  • 2012 – Break the Ice
  • 2014 – Kerstmis Vier Je Samen

Filmografy

Presintatrise / dielnimster

Filmografy as presintatrise / dielnimster
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1999–2002Call TVpresintatrise
2003–2006Kids Top 20presintatrise
2006Show Tijdpresintatrise
2007Junior Eurofyzjesongfestivalpresintatriseynternasjonale finale, mei Sipke Jan Bousema
2008Ik Hou van Hollanddielnimster
2011Ik Hou van Hollanddielnimster
2012Junior Eurofyzjesongfestivalpresintatriseynternasjonale finale, mei Ewout Genemans
2014Shownieuwspresintatrise
2014Sterren Springen op Zaterdagpresintatrisetegearre mei Gerard Joling
2014Beat Itpresintatriseyn 'e mande mei Jan Smit en Gerard Joling
2014Ik Hou van Hollanddielnimster
2014Het Geheim van een Goed Huwelijkpresintatrise
2015De Nationale Tweelingtestpresintatrisetegearre mei Kees Tol
2015Popsterpresintatrisetegearre mei André van Duin
2015De Grote Herkansingpresintatrise
2015Mindmasters Livepresintatrise
2015–2016Thuis op Zondagpresintatriseyn 'e mande mei Dirk Zeelenberg, Patty Brard, Kees Tol, Viktor Brand
2016–2017Zullen We een Spelletje Doen?presintatriseyn 'e mande mei Nick & Simon
2017Ninja Warrior NLpresintatrisetegearre mei Dennis van der Geest
2017–2019Verzamelkoortspresintatrise
20185 Golden Ringspresintatrise
2018Stelletje Pottenbakkers!presintatrise
2018Mag Ik Jullie Oma Zijn?presintatrise
2019De Mannen van Taalpresintatriseyn 'e mande mei Dennis van de Ven, Jeroen van Koningsbrugge en Nick & Simon
2019Ik Hou van Hollanddielnimster
2019Helden door de Modder VIPSpresintatrisetegearre mei Viktor Brand
2019–2020Thank You for the Musicpresintatriseyn 'e mande mei Soundos El Ahmadi, Johnny de Mol, Sanne Hans, Danny de Munk
2020Mensenkennispresintatrise
2020Ik Hou van Hollanddielnimster
2020Lingo Vipsdielnimster
2020–no50/50presintatrisetegearre mei Winston Gerschtanowitz
2021Five days of Christmaspresintatrise
2022Wie is de Mol?dielnimsterferliezend finaliste
2022Code van Coppens: De Wraak van de Belgen  dielnimsterduo mei Kees van der Spek
2022Waku Wakudielnimster
2023In The Picturedielnimster

Aktrise

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1997Goede Tijden, Slechte Tijdenfamkegastrol; ôfl. S7.E160
1997Kees & CoEllengastrol; ôfl. Moeders en Dochters
2001Costa!Eveliengastrol; ôfl. Zwoele Nachten en Stripteasepillen
2004Costa!Greetjefêste rol; 11 ôfl.
2004Kunt U Mij de Weg naar Hamelen Vertellen, Meneer?  prinsesse Madelein
Lidwina's dochter
tillefyzjefilm
2008Kinderen Geen Bezwaarharselsgastrol; ôfl. De Kleuren van Kim-Lian
2009–2010Onderweg naar MorgenLinda Smitfêste rol; 41 ôfl.
2012The Passion 2012foarbygongstertillefyzjespecial
2014Fashion PlanetNathalie-Jane Johanssonfêste rol; 8 ôfl.
2015Danni LowinskiHetty Abbinkgastrol; ôfl. Slachtoffers en Daders
2013–2016De TV KantineChantal Janzen
ferskate oare rollen
weromkearende rol; 5 ôfl.
2017Dokter TinusNienke Klaverblad / Natalie Fischer  weromkearende rol; 3 ôfl.
2017–2020Rapunzel's Tangled AdventureRapûnskeas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2018Zomer in ZeelandBrechtjeweromkearende rol; 3 ôfl.
2019De Club van Lelijke Kinderen: De Staatsgreepeinredaktrisefêste rol; 8 ôfl.
2022The Passion 2022Marije Magdalenatillefyzjespecial
films
2005Chicken LittleAbby Mallardas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2010TangledRapûnskeas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011RioJewelas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011The SmurfsSmurfinas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011Hopûnbekendas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2011The Smurfs: A Christmas CarolSmurfinas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring; koarte film
2012Tangled Ever AfterRapûnskeas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2013De Smurfen 2Smurfinas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2014Rio 2Jewelas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2015ApenstrekenMadeleine
2016HartenstrijdPuf Juf
2017Tangled: Before Ever AfterRapûnskeas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2017Bigfoot Juniorûnbekendas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2017Talent is Everywhereharselskoarte film
2018Ralph Breaks the InternetRapûnskeas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2019Duck Duck Gooseas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2020Bigfoot Familyas stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring
2021Just Say YesGuusje

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.