Kaapske slob

De Kaapske slob (Anas smithii) is in fûgel út it skaai slobeinen (Spatula) yn 'e famylje einfûgels (Anatidae).

Kaapske slob

jerkje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftgoeseftigen (Anseriformes)
famyljeeinfûgels (Anatidae)
skaaislobeinen (Spatula)
soarte
Anas smithii
Hartert, 1891
IUCN-status: net bedrige

Beskriuwing

Pearke Anas smithii
neffens Andrew Smith.

Folwoeksen fûgels binne 51 oant 53 sm lang en ha in flekkerich griisbrún fearrekleed en oranje poaten. Lykas by in soad einen op it súdlike healrûn lykje jerkjes en wyfkes op in oar, mar it jerkje hat in ljochtere kop as it wyfke, ljochtblauwe dekfearren dy't fan in wite râne fan 'e griene spegel skieden wurdt. Fierder hat it mantsje giele eagen. De dekfearren fan it wyfke binne griis en de eagen donkerbrún.

Fersprieding

De Kaapske slob komt allinne yn it suden fan Afrika foar. De fûgels libje yn iepen sompen, wiet gerslân of sompen mei wat opkommende fegetaasje. De fûgel is in stânfûgel mar kin wol nomadysk yn syn ferspriedingsgebiet wêze.

Nêst

It nêst fan 'e soart leit altiten yn 'e buert fan wetter en wurdt yn in ûndjippe kûle op 'e grûn boud. It is ôfset mei dûns en der wurde 6 oant alve aaien yn lein. Bûten de briedtiid is de Kaapske slob in sosjale fûgel en dan kin er grutte groepen foarmje.

Iten

De Kaapske slob siket iten yn ûndjip wetter troch mei syn snaffel hinne en wer te swyljen. Njonken plantaardich materiaal yt de ein ek weakdieren en ynsekten.

Status

De populaasje bestiet út sa'n 13000 oant 33000 folwoeksen fûgels en is net bysûnder grut. Dochs liket it oantal fûgels ta te nimmen en is der sprake fan in grut ferspriedingsgebiet. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Cape shoveler