Joop Boomsma

Joop Boomsma (De Rottefalle, 4 augustus 1945Ljouwert, 4 april 2018) wie in Frysk skriuwer, dy't benammen bekend waard fan syn misdieromans.

Joop Boomsma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJoop Boomsma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne4 augustus 1945
berteplakDe Rottefalle (Fryslân)
stoarn4 april 2018
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
wurk
taalFrysk
sjenremisdieromans & koarte ferhalen,
poëzij
perioade20e / 21e iuw
bekendste
  wurk(en)
Ien foar de Wraak
útjouwerFriese Pers Boekerij
prizenRely Jorritsmapriis
   1970, 1971 en 1973
jierren aktyf19692018
offisjele webside
www.joopboomsma.nl

Libben

Jonkheid en oplieding

Joop Boomsma waard op 4 augustus 1945 yn De Rottefalle berne as de âldste soan fan Wytske en Siebe Boomsma. Op syn fjirde ferhuzen syn âlden mei him nei Surhústerfean. Nei de legere skoalle gie er nei de Feanster ULO. Sawol op de ULO as letter op de kweekskoalle yn Drachten publisearre Boomsma syn fersen en ferhalen yn de skoalkrante. Ek skreau er yn dy tiid wolris wat foar de pleatslike krante, De Feanster.

Profesjoneel wurkpaad

Nei de kweekskoalle kaam Boomsma yn 1968 foar de klasse te stean. Earst op de legere skoalle yn Gouderak, letter oan de mafû yn Gouda. Yn 1975 kaam Boomsma werom nei Fryslân, dêr't er him nei wenjen sette yn Menaam. Hy joech les oan de mafû Nijlân yn Ljouwert oant er op 31 oktober 2006 ophold mei wurkjen.

Karriêre as skriuwer

As skriuwer waard Boomsma benammen bekend fan syn misdieromans (lykas Ien foar de Wraak) en koarte ferhalen fan itselde sjenre. Dêrnjonken levere er bydragen oan in grut ferskaat oan tydskriften en kranten, lykas De Strikel, Trotwaer, Sonde en Alternatyf. Fierders skreau er in fjouwertal toanielstikken foar de jongerein en publisearre er yn eigen behear twa dichtbondels.

Boomsma wie ek redakteur by Operaesje Fers en foarsitter fan it Skriuwersboun. Teffens fersoarge er ferskate jierren in literêre rubryk yn it wykblêd Frysk en Frij. Boomsma wie de earste Fryske skriuwer mei in webloch (Skriuwersdeiboek 2001). Op syn webside publisearre er ek geregeldwei nij wurk, sawol proaza as poëzy. Yn 1970, 1971 en 1973 waard oan wurken fan Boomsma de Rely Jorritsmapriis takend. Fan 1994 oant 1996 makke er fierders diel út fan de sjuery fan de Rely Jorritsmapriis en earder, yn 1979, hie er in sit yn de sjuery fan de Gysbert Japicxpriis.

Ferstjerren

Boomsma kaam op 4 april 2018 te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 72 jier. Hy liet in frou en twa bern efter, en waard op 10 april yn Goutum kremearre.

Syn meast bekende wurk

  • Frysk om utens (1969)
  • Multipleks (1970)
  • Ierlitte (1972)
  • Dunnik en oar proasa (1974)
  • Ien foar de wraak - misdiedroman, (1988).
  • Kwea jild - misdiedroman, (1989).
  • Picasso, lêste wurk - misdiedferhalen, (1992).
  • In frou mei ljochtblauwe eagen - misdiednovelle, boekewikegeskink, (1994).
  • Yn reek ferflein - misdiedroman, (1998).
  • Skriuwersdeiboek 2001 - ynternetdeiboek, (2002).
  • Om fan dit lân te hâlden - briefwiksel, (2006).

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Fryske krimiskriuwer Joop Boomsma stoarn, yn: de Ljouwerter Krante, 9 april 2018, s. 24.