Johannes Potter van Loon

Johannes Potter van Loon (Sint-Anne, 25 april 1800 - Appingedam, 1 jannewaris 1865) wie in Nederlânske abbekaat, prokureur en boargemaster.

Johannes Potter van Loon
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum25 april 1800
berteplakSint-Anne
stjerdatum1 jannewaris 1865
stjerplakAppingedam
Boargemaster fan Appingedam
amtsperioade1843-1863

Libben en wurk

Potter van Loon waard yn 1800 yn Sint-Anne berne as soan fan de notaris Everhardus van Loon en Attje Potter Jouwstra. Hy studearre rjochten oan de universiteit fan Grins en promovearre dêr op in dissertaasje yn 1823. Hy fêstige him as advokaat en prokureur yn Appingedam. Hy wie lid fan de gemeenteried fan Appingedam. Yn maart 1843 waard er beneamd ta rjochter-plakferfanger by de arrondissemintsrjochtbank fan Appingedam. Yn desimber fan datselde jier waard er beneamd ta boargemaster fan Appingedam, in funksje dy't er hast tweintich jier ferfolje soe.

Persoanlik libben

Potter van Loon troude op 28 jannewaris 1824 yn Grins mei Gezina Marissen, dochter fan in Grinzer rintenier. Nei har ferstjerren troude er op 28 septimber 1836 yn Loppersum mei Reiniera Sissingh, dochter fan de boargemaster fan Loppersum. Syn tredde houlik sleat er nei it ferstjerren fan syn twadde frou yn 1837 op 27 desimber 1842 yn Uithuizen mei de predikantsdochter Willemina Titia Brouwer.

Potter van Loon ferstoar op 1 jannewaris 1865 yn de âldens fan 64 jier yn syn wenplak Appingedam.