Jisp

Jisp
Flagge fan JispWapen fan Jisp
FlaggeWapen
Lokaasje fan Jisp
Gemeente Wormerlân
Ynwennertal (2021)445 [1]
Websteeonsdorpjisp.nl

Jisp is in doarp yn de Noard-Hollânske gemeente Wormerlân. Oant 1991 wie Jisp ek it haadplak fan in selstannige gemeente Jisp.

Skiednis

Jisp makke yn de 17e- en 18e iuw in tiid fan grutte bloei mei troch de walfiskfeart. Yn dy tiid hie Jisp wol 3.800 ynwenners. Hjoed-de-dei hat Jisp mar 445 ynwenners (2021).

Geografy

Jisp leit oan de wei fan Neck nei Wormer yn it natoergebiet Wormer- en Jisperfjild.

17e-iuwsk Jisp mei houten hûzen (Beerstraten)

It besjen wurdich

It histoaryske riedhûs fan Jisp datearret fan 1650.

De tsjerke fan Jisp is in ryksmonumint en waard boud yn 1822 op it plak fan in folle gruttere, letmidsiuwske tsjerke. In part fan de ynrjochting stamt noch út de âlde tsjerke. De tsjerke waard yn 2006 oerdroegen oan de Stifting Alde Hollânske Tsjerken (Stichting Oude Hollandse Kerken). Ek de eardere pastorij oan de Doarpsstrjitte 75 is in ryksmonumint.

Oan de Doarpsstrjitte stean mearder houten hûzen, dêrûnder in 17e-iuwsk hûs.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: