Jan Reitsma sr.

Frysk keatser (1869-1959)

Jan Reitsma (Penjum, 15 maart 1869 - Makkum, 7 april 1959) wie in Frysk keatser fan Penjum. Syn bynamme wie ek wol De Tulp.

Jan Reitsma
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum1869
stjerdatum1959
sportive ynformaasje
sportKeatsen
debút1890
karriêre-ein1905
ekstraKening fan de PC yn 1893, 1899 en 1903

Reitsma hat ien fan de grutste keatsers út de skiednis west. Syn beste jierren wienen sa tusken 1890 en 1905. Yn dy tiid wûn hy marleafst njoggen kear de PC. Tegearre mei Teade Zijlstra fan Wytmarsum makket him dat de meast súksesfolle spiler fan de PC. Reitsma waard ek noch oant trije kear ta ta Kening útrôpen, dat wie yn 1893, 1899 en 1903.

De keatsferiening fan Penjum hat sûnt 1946 de namme fan Reitsma: Keatsferiening Jan Reitsma.