James Fenimore Cooper

James Fenimore Cooper (Burlington (Nij-Jersey), 15 septimber 1789 – Cooperstown (New York), 14 septimber 1851) wie in Amerikaansk skriuwer. Mei syn histoaryske romans oer it libben fan blanke kolonisten en Yndianen oan 'e Amerikaanske frontier skoep er in unike Amerikaanske foarm fan literatuer. Ta dat sjenre heart ek syn fierwei bekendste boek, The Last of the Mohicans (De Lêste Mohikaan), dat ûnderdiel foarmet fan 'e rige de Leatherstocking Tales, mei yn 'e haadrol de wâldrinner Nathaniel "Natty" Bumppo, byneamd Haukeach (Hawkeye). Ek hjoed de dei wurdt dy roman, dy't faak beskôge wurdt as Cooper syn masterwurk, noch in protte lêzen. Syn seemansferhalen, basearre op syn eigen tsjinst by de Amerikaanske Marine, binne minder bekend. Likegoed wied er ien fan 'e meast lêzen Amerikaanske auteurs út 'e 19e iuw.

James Fenimore Cooper
skriuwer
In portret fan James Fenimore Cooper, troch John Wesley Jarvis.
In portret fan James Fenimore Cooper,
troch John Wesley Jarvis.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJames Fenimore Cooper
nasjonaliteit Amerikaansk
berne15 septimber 1789
berteplakBurlington (Nij-Jersey)
stoarn14 septimber 1851
stjerplakCooperstown (New York)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taalIngelsk
sjenrelit. romans, hist. romans, reisferh.,
non-fiksje (skiedkundich wurk)
perioade1e helte 19e iuw
streamingRomantyk
bekendste
  wurk(en)
The Last of the Mohicans
History of the Navy of the
   United States of America
jierren aktyf18201851
offisjele webside
external.oneonta.edu/cooper

Libben

James Fenimore Cooper waard 1789 berne as de soan fan William Cooper en Elizabeth Fenimore. Hy wie it alfde bern yn in begoedige húshâlding fan tolve bern, mar de measten dêrfan stoaren ear't se folwoeksen wiene. Syn earste libbensjier brocht Cooper troch yn 'e steat Nij-Jersey, mar dêrnei ferfear er mei syn âldelju nei de steat New York, dêr't syn heit, dy't in lid fan it Amerikaanske Kongres wie, it plak Cooperstown stifte, oan 'e Otsego-mar, yn in krite yn sintraal New York dat omjûn waard troch it wengebiet fan 'e stammen fan 'e Irokeeske Konfederaasje.

Yn 1802, op syn trettjinde, waard Cooper talitten ta de prestizjeuze Universiteit fan Yale, mar nei't er in gefaarlike grap úthelle hie, wêrby't mei buskrûd de keamersdoar fan in oare studint fan 'e hingen blaasd waard, waard er dêr yn syn trêde jier fuortstjoerd sûnder syn stúdzje ôfmakke te hawwen. Dêrop fûn er, yn 1806, wurk as seeman op in Amerikaanske keapfarder. Yn 1808 naam er tsjinst by de Amerikaanske marine, mei de rang fan adelboarst. By it ferstjerren fan heit, yn 1809, urf Cooper in kaptaal oan jild. Hy gie werom nei hûs, en mei ienentweintich troude er, yn 1811, mei Susan Augusta de Lancey, in dochter út in rike loyalistyske famylje. Hja krigen sân bern, wêrfan't fiif folwoeksen waarden. Cooper syn dochter Susan Fenimore Cooper (1813-1894) waard sels ek skriuwster, benammentlik oer de natoer en frouljusrjochten, en Paul Fenimore Cooper (1899-1970), in tweintichste-iuwsk skriuwer, wie in oerpakesizzer fan Cooper. Hoewol't Cooper ôfstamme fan quakers dy't yn 1679 nei de Amerikaanske koloanjes ferfearn wiene, om oan ferfolging yn Ingelân te ûntkommen, wie hysels syn libben lang in trou lid fan 'e Episkopaalske Tsjerke (de Anglikaanske Tsjerke yn 'e Feriene Steaten).

Stânbyld fan James Fenimore Cooper yn Cooperstown (New York).

Yn 1820 sleat Cooper syn frou Susan mei him in weddenskip ôf dat er in better boek skriuwe koe as dat dat sy op dat stuit oan it lêzen wie. Dêrop skreau Cooper de roman Precaution (1820), in Jane Austen-eftich boek dat yn Ingelân spilet. Hy publisearre it anonym en sette al mei gauwens útein mei oare romans. Yn 1823 kaam syn The Pioneers út, it earste diel fan syn ikoanyske searje de Leatherstocking Tales. De haadpersoan is de fernimstige Amerikaanske wâldrinner Nathaniel "Natty" Bumppo, better bekend as Haukeach (Hawkeye). Haukeach syn maat, it Mohikaanske opperhaad Chingachgook, wie Cooper syn foarm fan 'e "nommele wylde". De oare Leatherstocking Tales wiene The Last of the Mohicans (1826), The Prairie (1827), The Pathfinder (1840) en The Deerslayer (1841). Fan dy fiif is The Last of the Mohicans fierwei it bekendst wurden en bleaun.

Yn 1826 ferfear Cooper mei syn gesin nei Jeropa ta, dêr't se har yn it Frânske Parys nei wenjen setten. Cooper hope dêr mear mei syn boeken te fertsjinjen en teffens bettere skoallen foar syn bern te finen. Under de boeken dy't er yn Parys skreau en útjoech wiene The Red Rover en The Water-Witch, twa fan syn seemansferhalen. Yn 1834 kearde Cooper werom nei Cooperstown, dêr't er syn yn it neigean rekke âldershûs opknappe liet. Yn 1839 publisearre er it skiedkundige wurk History of the Navy of the United States of America, in boek dat er al lang fan doel west hie om te skriuwen en dêr't fjirtjin jier tarieding oan foarôfgien wie. Hoewol't him dit wurk nei in yn 't earstoan mylde ûntfangst op fûleindige krityk kaam te stean, wurdt it tsjintwurdich beskôge as de gesachhawwende tekst oer it ûntstean fan 'e Amerikaanske marine. Yn 1846 skreau Cooper ek noch in searje biografyen fan Amerikaanske marine-ofsieren, ûnder de titel Lives of Distinguished American Naval Officers.

De lêste jierren fan syn libben brocht Cooper troch yn Cooperstown. Hy stoar yn 1851, de deis foar syn 62ste jierdei, oan oedeem. Syn frou Susan oerlibbe him mar in pear moanne. James Fenimore Cooper wie by syn libben al ien fan 'e meast lêzen Amerikaanske skriuwers, en syn wurk waard wrâldwiid wurdearre. De Eastenrykske komponist Franz Schubert lies him op syn stjerbêd. De Frânske skriuwer Honoré de Balzac hie grutte bewûndering foar syn wurk. Cooper syn ferhalen binne oerset yn alle grutte Westerske en ek yn guon Aziatyske talen. Guon rekkenje Cooper ta de Romantyske skriuwers, oaren net. De Frânske auteur Victor Hugo ferklearre Cooper ta in grut master fan 'e Romantyk. Dat wol fansels net sizze dat er gjin kritisy hie; Mark Twain, bygelyks, hie net in soad mei him op. Benammen ek de beskriuwing fan froulike personaazjes yn syn romans, dy't neffens syn kritikasters slop en neatsizzend en allegearre krekt-en-gelyk wiene, waarden him kwea-ôf nommen.

Wurk

JierTitel en ûndertitelSoarteOpmerkings
1820Precautionromananonym útjûn; spilet yn Ingelân, yn 1813-1814
1821The Spy: A Tale of the Neutral Groundromanoan 'e Amerikaanske frontier, yn 1778
1823The Pioneers: or The Sources of the Susquehannaromandiel 1 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1793-1794
1823Tales for Fifteen, or Imagination and Heart2 koarte ferhalenskreaun ûnder it pseudonym Jane Morgan
1824The Pilot: A Tale of the Searomanseemansroman oer de Amerikaanske seeheld John Paul Jones, spilet yn 1780
1825Lionel Lincoln, or The Leaguer of Bostonromanoer de Slach om Bunker Hill, yn 'e Amerikaanske Frijheidsoarloch
1826The Last of the Mohicans: A Narrative of 1757romandiel 2 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1757; hjirfan kaam yn 1985 in Frysktalige bewurking foar jongerein út ûnder de titel De Lêste Mohikaan
1827The Prairieromandiel 3 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1805
1828The Red Rover: A Taleromanseemansroman, spilet yn 1759
1828Notions of the Americans: Picked up by a Travelling Bachelornon-fiksjein beskriuwing fan 'e Feriene Steaten foar Jeropeeske lêzers
1829The Wept of Wish-ton-Wish: A Taleromanoan 'e Amerikaanske frontier, yn 1660-1676
1830The Water-Witch: or the Skimmer of the Seasromanseemansroman, spilet yn 1713
1830Letter to General Lafayettepolityk manifest
1831The Bravo: A Taleromanspilet yn it achttjinde-iuwske Feneesje
1832The Heidenmauer, or The Benedictines, A Legend of the Rhineromanspilet yn it Dútske Rynlân, yn 'e sechstjinde iuw
1832No Steamboatskoart ferhaal
1833The Headsman: The Abbaye des Vigneronsromanspilet yn it achttjinde-iuwske Switserlân
1834A Letter to His Countrymenpolityk manifest
1835The Monikinsromanpolitike satire
1836The Eclipsememoiresoer de sinnefertsjustering yn Coopertown yn 1806
1836An Execution at Seakoart ferhaalseemansferhaal
1836Gleanings in Europe: Switzerland (Sketches of Switzerland)reisferhaalferslach fan in reis troch Switserlân, yn 1828
1836Gleanings in Europe: The Rhine (Sketches of Switzerland, Part Second)reisferhaalferslach fan in reis troch Switserlân, Frankryk en it Rynlân yn 1832
1836A Residence in France: With an Excursion Up the Rhine, and a Second Visit to Switzerlandreisferhaal
1837Gleanings in Europe: Francereisferhaalferslach fan ferbliuw yn Frankryk (1826-1828)
1837Gleanings in Europe: Englandreisferhaalferslach fan reizen yn Ingelân yn 1826, 1828 en 1833
1838Gleanings in Europe: Italyreisferhaalferslach fan ferbliuw yn Itaalje (1828-1830)
1838The American Democrat: or Hints on the Social and Civic Relations of the United States of Americanon-fiksjeoangeande de maatskippij en it regear fan 'e Feriene Steaten
1838The Chronicles of Cooperstownskiednispleatslike skiednis fan Cooperstown (New York)
1838Homeward Bound, or The Chase: A Tale of the Searoman mei autobiografyske skaaimerkenkontemporên (1835)
1838Home as Found: Sequel to Homeward Boundroman mei autobiografyske skaaimerkenkontemporên (1835)
1839The History of the Navy of the United States of Americaskiednisskiednis fan 'e Amerikaanske marine
1839Old Ironsidesskiednisskiednis fan it fregat USS Constitution; postúm publ. yn 1853
1840The Pathfinder, or The Inland Searomandiel 4 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1759
1840Mercedes of Castile: or, The Voyage to Cathayromanoer Kristoffel Kolumbus yn West-Ynje, yn 'e 1490-er jierren
1841The Deerslayer: or The First Warpathromandiel 5 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1740-1745
1842The Two Admiralsromanseemansroman, spilet yn Ingelân, yn 1745
1842The Wing-and-Wing: le Le Feu-Folletromanseemansroman, spilet foar de Frânske kust, yn 1745
1843Autobiography of a Pocket-Handkerchiefnovellemaatskiplike satire; ek publisearre as Le Mouchoir: An Autobiographical Romance en as The French Governess, or The Embroidered Handkerchief
1843Richard Daleroman
1843Wyandotté, or The Hutted Knoll: A Taleromanoan 'e Amerikaanske frontier, yn 1763-1776
1843Ned Myers, or Life before the Mastbiografyoer in maat fan Cooper dy't yn 1813 yn in stoarm in skipbrek oerlibbe
1844Afloat and Ashore, or The Adventures of Miles Wallingford: A Sea Taleromanoan 'e Amerikaanske frontier en yn 'e widere wrâld, yn 1795-1805
1844Miles Wallingford: Sequel to Afloat and Ashoreromanoan 'e Amerikaanske frontier en yn 'e widere wrâld, yn 1795-1805
1844Proceedings of the Naval Court-Martial in the Case of Alexander Slidell Mackenzie, &c.skiednisoer de rjochtsaak fan 'e marine-ofsier Alexander Slidell Mackenzie, in fijân fan Cooper, dy't foar de kriichsrie komme moast om't er 3 opfarrenden sûnder proses ophingje litten hie fanwegen muiterij (wêrûnder in soan fan 'e Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken John C. Spencer
1845Satanstoe, or The Littlepage Manuscripts: A Tale of the Colonyromanoan 'e Amerikaanske frontier, yn 1758
1845The Chainbearer, or The Littlepage Manuscriptsromanoan 'e Amerikaanske frontier, yn 'e 1780-er jierren; ferfolch op Satanstoe
1846The Redskins, or Indian and Injin: Being the Conclusion of the Littlepage Manuscriptsromanferfolch op The Chainbearer, no net mear oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1845
1846Lives of Distinguished American Naval Officersbiografyen
1847The Crater, or Vulcan's Peak: A Tale of the Pacificromanseemansroman, spilet yn 'e iere 19e iuw
1848Jack Tier, or The Florida Reefsromanseemansroman; ek bekend as Captain Spike, or The Islets of the Gulf; spilet by de Florida Keys, yn 1846
1848The Oak Openings, or The Bee-Hunterromanoan 'e Amerikaanske frontier, yn 'e Oarloch fan 1812
1849The Sea Lions, or The Lost Sealersromanseemansroman, spilet yn 1819-1820
1850The Ways of the Hourromanin kontemporên moard- en rjochtsaakmystearje, dat ek frouljusrjochten oanroert
1850Upside Down, or Philosophy in Petticoatstoanielstiksatire op it sosjalisme
1851The Lake Gunkoart ferhaalpolitike satire
1851New York, or The Towns of Manhattanskiednisûnfoltôge skiednis fan 'e stêd New York; postúm útjûn yn 1864

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.