Huub Stapel

Huub Stapel (folút: Hubertus Wijnandus Jozef Marie Stapel; Tegelen, 2 desimber 1954) is in Nederlânsk akteur en presintator fan Limburchsk komôf. Hy waard yn 'e 1980-er jierren ferneamd mei rollen yn 'e filmproduksjes fan 'e Nederlânske regisseur Dick Maas, lykas de horrorfilms De Lift en Amsterdamned en de komeedzjefilm Flodder. Behalven op it wite doek wied er ek in protte op 'e Nederlânske tillefyzje te sjen, en fierders spile er yn ferskate Dútske en Flaamske searjes. Yn 'e ienentweintichste iuw wie Stapel ek presintator fan ferskate autorubriken.

Huub Stapel
akteur
Stapel yn 2015
Stapel yn 2015
persoanlike bysûnderheden
echte nammeHubertus Wijnandus Jozef
   Marie Stapel
nasjonaliteit Nederlânsk
berne2 desimber 1954
berteplakTegelen (Limburch)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Limburchsk
jierren aktyf1970 – no
offisjele webside
www.huub-stapel.nl

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Huub Stapel waard yn 1954 berne yn it Limburchske Tegelen. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, folge er in oplieding ta learaar. Hy joech dramales oan 4 HAVO foar't er karriêre makke as akteur.

Karriêre

Akteur

Stapel begûn syn aktearkarriêre omtrint 1970 op it toaniel. Yn 1981 wied er foar it earst yn in film te sjen, doe't er in lyts roltsje as NSB-er hie yn Het Meisje met het Rode Haar, ûnder rezjy fan Ben Verbong, oer fersetsstriidster Hannie Schaft. It jiers dêrop hied in lytse rol yn Van de Koele Meren des Doods, en yn 1983 waard er troch regisseur Dick Maas foar it earst yn in haadrol cast yn 'e Nederlânske horrorfilm De Lift. Dêryn hie Stapel de rol fan 'e nijsgjirrige liftmonteur Felix Adelaar, as tsjinspiler fan Willeke van Ammelrooy. De Lift betsjutte foar him de trochbraak nei in grutter publyk.

Neitiid spile Stapel yn tillefyzjesearjes as Willem van Oranje en De Weg. Op it wite doek spile er yn 1985 in plysje-ynspekteur yn 'e Frysktalige film De Dream, fan regisseur Pieter Verhoeff. Yn 1986 hied er de rol fan Geert yn Op Hoop van Zegen, nei it boek mei deselde namme fan Herman Heijermans. Datselde jiers kaam ek de film Flodder út, fan regisseur Dick Maas, mei fierders û.o. Nelly Frijda en Tatjana Šimić. It gie oer in asosjale arbeidershúshâlding dy't by wize fan sosjaal eksperimint fan 'e gemeente in wente yn in lúkse fillawyk tawiisd kriget. De film ûntjoech him ta in ûnbidich kommersjeel súkses, en syn fertolking fan âldste soan Johnnie Flodder waard fierwei de bekendste rol fan Stapel syn aktearkarriêre.

Hy spile dyselde rol jitris yn 'e ferfolchfilm Flodder in Amerika!, út 1992, mar hy wie him bewust fan it gefaar fan typecasting, dat yn 'e oare ûnderdielen fan 'e Flodder-franchise (de film Flodder 3 en yn 'e tillefyzjesearje Flodder) liet er it spyljen fan Johnnie oer oan Coen van Vrijberghe de Coningh, dy't de rol op masterlike wize oernaam. Van Vrijberghe de Coningh koe Stapel út 'e films Het Nadeel van de Twijfel (1990) en De Onfatsoenlijke Vrouw (1991), dêr't se tegearre yn spilen. Yn 'e searje Flodder hie Stapel ien kear in gastrol as de krimineel Paolo Marquez yn 'e ôflevering Egotrip út it fyfde seizoen, dy't opnommen waard yn 1997, en yn 1998 foar it earst op 'e tillefyzje kaam.

In oare bekende rol hie Stapel yn 1988 yn 'e horrorplysjefilm Amsterdamned, as de plysjeman Eric Visser, dy't op in searjemoardner jaget dy't kear op kear op grouwélige wize taslacht yn 'e Amsterdamske greften. Syn tsjinspylster yn dy film wie Monique van de Ven, wylst syn dochter spile waard troch in piipjonge Tatum Dagelet. Nei de iuwwiksel hie Stapel rollen yn films as Van God Los (2003), De Dominee (2004), Terug naar de Kust (2009) en Sint (2010). Yn 'e tillefyzjesearje Retour Den Haag fertolke Stapel de rol fan politikus Ed van Thijn. Yn 2007 hied er in gastrol yn 'e plysjesearje Flikken Maastricht, en yn 2012 spile er yn 'e dramarige Moeder, Ik Wil bij de Revu. Behalven yn Nederlân wie Stapel ek yn Dútslân en Flaanderen op 'e tillefyzje te sjen. Sa hied er ferskate gastrollen yn Dútske plysjesearjes, lykas Tatort, SOKO Kitzbühel en Alarm für Cobra 11 – Die Autobahnpolizei, en spile er yn 'e Flaamske searje Windkracht 10.

Fierders wie Stapel njonken sjongster Ellen ten Damme te sjen yn reklamespotsjes foar Zwitserleven. Yn 2013 fertolke er de rol fan (de lettere) kening Willem I by in grutskalige neispiling fan 'e Lâning fan de Prins op it strân fan Skeveningen yn 1813, oan 'e ein fan 'e Frânske Tiid nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen. Dat waard opfierd ta gelegenheid fan 'e fiering fan it twahûndertjierrich bestean fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen. Op 16 juny 2014 krige Stapel foar it teäterseizoen 2013/2014 de Johan Kaartpriis takend, dy't útrikt wurdt troch it DeLaMar-teäter yn Amsterdam. Hy krige de priis foar syn rollen yn 'e toanielstikken Mannen Komen van Mars, Vrouwen van Venus en God van de Slachting. Stapel hie yn 2014 ek in rol yn 'e musical Soldaat van Oranje.

Fan jannewaris 2016 ôf wie Stapel wer op 'e Nederlânske tillefyzje te sjen, diskear yn 'e fêste rol fan ofsier fan Justysje Hein Berg yn 'e plysjerige Flikken Rotterdam. Hy spile fierders de rol fan 'e âlde Ruud Lubbers yn 'e fjouwerdielige minysearje Land van Lubbers, dy't yn febrewaris en maart fan datselde jier útstjoerd waard (de jonge Lubbers waard yn deselde rige spile troch Guy Clemens). Yn 2018 wurke Stapel mei oan 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske kening fan 'e Friezen mei deselde namme. Hy fertolke dêryn de rol fan Redbad syn foargonger, kening Aldgillis. Stapel hat ek as stimakteur wurke, û.m. by de Nederlânsktalige neisyngronisearring fan 'e tekenfilm Finding Nemo (2003).

Presintator

As presintator wie Stapel foar it earst aktyf yn 1998, by it muzykprogramma TAFKAS ("The Artist Formerly Known As Stapel", in ferwizing nei de artystenamme TAFNAP, dy't de Amerikaanske sjonger Prince in skoft brûkte).Mei't er in grut autoleafhawwer is, presintearre er yn 2004 ek de autorubryk Stapel op Auto's. Letter makke er it dêrfan ôflate Stapel in de States, wêryn't er troch de Feriene Steaten reizge en de autokultuer dêr beljochte. Fierders presintearre er yn Foar de TROS en it Belgyske tillefyzjekanaal Eén presintearre er ek it realitytillefyzjeprogramma Oberon. Fan septimber oant ein oktober 2013 presintearre Stapel foar Omrop MAX it programma Max Monumentaal. Yn 2021 died er tegearre mei Wim Daniëls de presintaasje fan 'e seisdielige searje Het Dorp, wêryn't se ferskate doarpen oandiene op 'e siik nei wat der noch oer wie fan it doarpske libben út harren jonkheid. Yn 2020 makke Stapel as presintator en ynsprekker fan in voice-over de dokumintêresearje Langs de Rijn foar Omrop MAX, oer de rivier de Ryn. Dat wie sa'n súkses dat er yn neifolgjende jierren noch trije soartgelikense searjes makke: Langs de Maas (2021), Langs de Kust (2022) en Langs de IJssel (2023).

Stapel (rjochts) mei Gé Reinders.

Sjonger

Ein jierren '80, begjin jierren '90 wie Stapel ek in skoftke aktyf as sjonger. Mei de band Mooder Hellup (in foarrinder fan Minsekinder) naam er in cd op mei it karnavalsferske Och, Was Ik Maar bij Moeder Thuisgebleven. Hoewol't dat earder in lanlike hit wurden wie yn in Nederlânsktalige bewurking fan Johnny Hoes, wie it oarspronklik yn it Limburchsk skreaun troch Thuur Luxembourg en Frans Boermans, as: Och, Waas Ik Maar beej Mooder Toësgebleve. Om't er de Nederlânsktalige ferzje ynstee fan 'e Limburchsktalige songen hie, waard Stapel yn 1993 foar it leagenjen fan syn Limburchsk komôf yn syn berteplak Tegelen feroardiele troch it ludike Kaetelgerich. Mei Gé Reinders song Stapel fierders ek it duët Ja, Ja, Limburgia.

Priveelibben

Stapel troude op syn fyftichste jierdei, yn 2004, mar is sûnt wer skieden.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1970Vertige pour in TueurfigurantFrânske produksje
1981Het Meisje met het Rode HaarNSB-er
1982Van de Koele Meren des DoodsHerman
1983De Zwarte RuiterFloor
1983De LiftFelix Adelaar
1984De Schorpioenfaandrich
1985De Dreamplysje-ynspekteur
1985MariaPaolo Pietrosanti
1985Die Kurve kriegenJanDútske produksje
1986Op Hoop van ZegenGeert
1986FlodderJohnnie Flodder
1988Amsterdamnedresjersjeur Eric Visser
1990In the Shadow of the Sandcastle?Dútske produksje
1991De Onfatsoenlijke VrouwLeon
1991Oh Boy!man yn sportkafee
1991ZockexpressDanyDútske produksje
1992Flodder in Amerika!Johnnie Flodder
1993Hoffman's HongerBaruch Spinoza
1995WalhallaRaymond de Feyter
1996De ZeemeermanTimo Babel
1996Mortinho por Chegar a CasaJoris
1997Knockin' on Heaven's DoorFrankie "Boy" BelugaDútske produksje
1998Widows – Erst die Ehe, dann das VergnügenKonrad SommerDútske produksje
1998Kai Rabe gege die VatikankillerKarl BresserDútske produksje
1998Hauptsache LebenDominikDútske produksje
1999Late ShowbankdirekteurDútske produksje
2000Rent a Frienddhr. Bloedworst
2001Dial 9 for LovePieter
2001Auf Herz und NierenNemethDútske produksje
2002’n Stukje HumorGerard
2003Van God LosHerbert Meijer
2003Verder dan de MaanMees Werner sr.
2003Klem in de DraaideurDato Steenhuis
2003Finding NemoGillas stimakteur; by Nederlânsktalige neisyngronisearring
2004De Domineeheit fan Klaas
2005JohanRinus Dros
2007SEXtetBram
2007Alles is Liefde?
2008Het Wapen van GeldropPiet Veerman
2009De Nachtmerrie van Ina PostCo van Wonderen
2009Terug naar de KustVictor
2010Oh No! It's a Woman?Flaamske produksje
2010Iep!Warre
2010SmoorverliefdTheo CremerFlaamske produksje
2010SintSinteklaas
2010EisfieberHarry MacDútske produksje
2011Titten?
2011U & EyreCarpenter
2011Hart tegen HardBen Berendsen
2012De Goede DoodMichael
2012Bellicher: CelSteiner
2013A Perfect ManPieter
2013Hemel op Aardepastoar
2016Land van Lubbersde âlde Ruud Lubbers
2016De Zevende HemelMax
2018Blijf van Mijn Kindresjersjeur
2018Redbadkening Aldgillis fan 'e Friezen
2020The Holzer Files?dokumintêre
2020Op Gepaste Afstandheit Eefkoarte film
2021FerryRalph Brink
2022Ome CorJoop (blommeman)
2023De Vuurliniehaadofsier fan justysje
tillefyzje
1983Willem van OranjeFrâns-Herkules fan Valoisminysearje
1983De WegJan Nieuwenhuisminysearje
1988Het Twentsch Paradijs?tillefyzjefilm
1988The Attic: The Hiding of Anne FrankJan Giestillefyzjefilm; Amerikaanske produksje
1992–1993SjansSjaak Massinifêste rol; tillefyzjesearje
1992Oog in OogPeter Gubbelsgastrol; tillefyzjesearje
1995De PartizanenHendrikminysearje
1996Stockingerdr. Paolo van Voorstgastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Undschuldslämmer; Dútske produksje
1997Der SchutzengelPeter Beckertillefyzjefilm; Dútske produksje
1997–1998Windkracht 10sersjant Dick de Grootfêste rol seizoen 1; tillefyzjesearje; Flaamske produksje
1998FlodderPaolo Marquezgastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Egotrip
1998Eine ungehorsame FrauDavidtillefyzjefilm; Dútske produksje
1998Die Neue – Ein Frau mit KaliberVandeberggastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Stille Nacht, tödliche Nacht; Dútske produksje
1998TAFKASn.f.t.presintator, muzykprogramma
1999Retour Den HaagEd van Thijntillefyzjefilm
1999Ein starkes TeamMilan Petkowiczgastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Braunauge; Dútske produksje
1999TatortUlli Lischkagastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Offene Rechnung; Dútske produksje
2000Oh Oh Den HaagWim van Tolminysearje
2000Auf schmalem GratJoachim Behrenstillefyzjefilm; Dútske produksje
2000–2003Wet & WaanHerman Vliegerfêste rol; tillefyzjesearje, 10 ôfl., seizoen 1 (2000) en 2 (2003)
2001Loenatikautomonteurgastrol; tillefyzjesearje, ôfl. De Milieu-actie
2001De Nacht van Aalbers?tillefyzjefilm
2001Het AchterlandAlextillefyzjefilm
2002Das DuoHelmut Felsergastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Im falschen Leben; Dútske produksje
2002–2005De Vloer Opferskaatgastrollen; tillefyzjesearje
2003–2004Show YourselfCarlofêste rol; tillefyzjesearje
2004Die andere FrauHenktillefyzjefilm; Dútske produksje
2004Stapel op Auto'sn.f.t.presintator, autorubryk
2005Oberonde riedshearrealitytillefyzjesearje
2005Das beste Jahr meines LebensNiklas Vandenbergtillefyzjefilm; Dútske produksje
2005SperlingJohan Kerkmangastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Sperling und der Fall Wachutka; Dútske produksje
200?Stapel in de Statesn.f.t.presintator, autorubryk op reis
200?Stapel op Werkn.f.t.presintator, programma foar de regionale Limburchske tillefyzje
2006SOKO KitzbühelHenrik van Huisengastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Magischer Mord; Dútske produksje
2006M.E.T.R.O. – Ein Team auf Leben und TodMagnus van Royengastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Krim-Kongo; Dútske produksje
2006Unter VerdachtStewensgastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Ein neues Leben; Dútske produksje
2007Flikken MaastrichtGeert Veldkampgastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Kogelvis
2007Verrückt nach ClaraBerndweromkearende rol; tillefyzjesearje, 7 ôfl.; Dútske produksje
2007Donna RomaKonstantinweromkearende rol; tillefyzjesearje, 4 ôfl.; Dútske produksje
2007S.T.A.P.E.L.n.f.t.presintator
2007RTL GP: Formule 1n.f.t.presintator
2008Alarm für Cobra 11 – Die AutobahnpolizeiSander Kalvusgastrol; tillefyzjesearje, ôfl. Auf eigene Faust 1. Teil en Auf eigene Faust 2. Teil; Dútske produksje
2008Mein Herz in ChileHerbert Hansentillefyzjefilm; Dútske produksje
2010Nina Nazarova aan de Top!n.f.t.presintator
2012Moeder, Ik Wil bij de RevueJacob Somersminysearje
2015Goedenavond, Dames en HerenBennominysearje
2015–2016Zwarte TulpLuuk Vonkfêste rol; tillefyzjesearje
2016-202?Flikken Rotterdamofsier fan justysje Hein Bergfêste rol; tillefyzjesearje
2019De 12 van SchouwendamGerrit Witteminysearje
2019Napoleon in Hollandn.f.t.voice-over by dokumintêre
2020Langs de Rijnn.f.t.presintator fan en voice-over by dokumintêre
2021Langs de Maasn.f.t.presintator fan en voice-over by dokumintêre
2021–2022Het Dorpn.f.t.presintator
2022Eens Ging de Zee Hier Tekeern.f.t.presintator fan en voice-over by dokumintêre
2022Langs de Kustn.f.t.presintator fan en voice-over by dokumintêre
2023Langs de IJsseln.f.t.presintator fan en voice-over by dokumintêre

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.