Hidra (eilân)

Hidra is in eilân yn de gemeente Flekkefjord yn Agder mei sa'n 530 ynwenners yn 2016. De salmkweek is ekonomysk wichtich. Hidra is ek in populêre fakânsjebestimming. Hidra is in eilân yn de gemeente Flekkefjord yn Agder.

Hidra
doarpstsjerke fan Kirkehavn
doarpstsjerke fan Kirkehavn
polityk
soarte gebietEilân
lân  Noarwegen
ProvinsjeAgder
GemeenteFlekkefjord
grutste plakKirkehavn
sifers
ynwennertal530 (2016)
oerflak20,4 km2
oar
tiidsôneUTC+1
simmertiidUTC+2
Kaart
Hidra (Agder)
Hidra
Lizzing fan Hidra yn de provinsje Agder

De âldst bekende namme foar it eilân is Hítr, letter is dit Hitterø. Hidra hat delsettings hân sûnt it stiennen tiidrek. Op 1 jannewaris 1965 waard de doetiidske gemeente Hidra, dat doe 1.277 ynwenners telde, yn ‘e mande mei Gyland, Nes en it grutste part fan de gemeente Bakke (útsein Øksendal), gearfoege ta de nije gemeente Flekkefjord.Yn 2007 betochten amtners fan de doetiidske provinsje Vest-Agder dat it in goed idee wêze soe om yn stee fan in oertocht mei de fearboat, in tunnel oan te lizzen nei it eilân. Mar yn 2013 waard it projekt ôfsein om't it te djoer wurde soe.

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: