Hegesân-Sappemeer

Hegesân-Sappemeer (Nederlânsk: Hoogezand-Sappemeer; Grinslânsk: Hogezaand-Sapmeer) is in eardere gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Grinslân. De eardere gemeente ûntstie yn 1949 troch it gearfoegjen fan 'e eardere gemeenten Hegesân en Sappemeer, en hat in oerflak fan 73,05 km².

Hegesân-Sappemeer
Hoogezand-Sappemeer
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Grinslân
sifers en geografy
haadplakHegesân
grutste plakHegesân
ynwennertal34.348 (31 maart 2015)
befolkingstichtens71 / km²
oerflak72,99 km²
● wêrfan lân66,71 km²
● wêrfan wetter6,28 km²
tal doarpen8
ferkearsierenA7 N385 N386
spoar fan Grins nei Lier
skiednis
oprjochte1949
foar 1949 Hegesân
Sappemeer
opheft2017
opgien yn Midden-Grinslân
no part fan Midden-Grinslân
oar
netnûmer050, 0598
postkoade9600-9614, 9630-9633
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.hoogezand-sappemeer.nl

Skiednis

It gebiet fan de eardere gemeente wie eartiids part fan it Goarjocht dat troch de stêd Grins bestjoerd waard. De doarpen Westerbroek en Kropswolde wiene doetiids al karspels yn it Goarjocht, wylst it oerbliuwende part fan de gemeente út woast lân bestie.

Yn de santjinde iuw waard mei it oanmeitsjen fan it fean úteinset. By dat oanmeitsjen ûntstiene de doarpen (en gemeenten) Hegesân en Sappemeer. Ynearsten wie sappemeer it wichtichste plak, dochs Hegesân naam dy funksje oer.

Op 1 april 1949 ûntstie troch it fusearjen fan de twa gemeenten de gemeente Hegesân-Sappemeer. Op 1 jannewaris 2018 gie dy gemeente, mank mei de gemeenten Slochteren en Menterwâlde oer yn de nije gemeente Midden-Grinslân.

Kearnen

De eardere gemeenten bestie út de doarpen: Foxhol, Hegesân, Kiel-Windeweer, Kropswolde, Sappemeer, Scharmer, Waterhuizen en Westerbroek.

Oare kearnen wiene: Achterdiep, Borgweg (foar in part), Foxham, Foxholsterbosch, Jagerswijk, Kalkwijk, Kleinemeer, Lula, Nieuwe Compagnie, Windeweer en Wolfsbarge.

Kaart fan de eardere gemeente Hegesân-Sappemeer