Haaien en roggen

De haaien en roggen (Latynske namme: Elasmobranchii) foarmje in ûnderklasse fan 'e stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) en de klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes). Dit is in taksonomyske groep fan fisken dy't fan uterlik tige by tige op "echte" fisken (oftewol bienfiskeftigen) liket, mar kwa ynterne lichemsbou sa sterk fan harren ferskilt dat se yn in apart klasse pleatst binne. Sa't de namme al oanjout, hearre ta de haaien en roggen de haaien (Selachii) en de roggen (Batoidea).

Haaien en roggen
In seachfisk.
In seachfisk.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme:kaakdieren (Gnathostomata)
klasse:kreakbienfisken (Chondrichthyes)
ûnderklasse:haaien en roggen (Elasmobranchii)
Bonaparte, 1838

Skaaimerken

De haaien en roggen binne ien fan 'e beide ûnderklassen fan kreakbienfisken; de sustergroep wurdt foarme troch de seekateftigen (Holocephali). Haaien en roggen ûnderskiede har fan oarsoartige fisken trochdat se gjin swimblaas hawwe. Ynstee hawwe se grutte levers dy't fol sitte mei in oaljige substânsje, en dêrmei behâlde se har driuwfermogen, krekt sa't de measte bienfiskeftigen dat dogge mei in swimblaas. By djipseehaaien kin de lever sadwaande oant wol 20% fan it lichemsgewicht útmeitsje. Haaien en roggen beskikke oer fiif oant sân kieuspjalten dy't yndividuële horizontale iepenings oan wjerskanten fan it foarlichem foarmje. Fierders hawwe se in stive rêchfin en lytse skobplaatsjes, dy't har hûd tige rûch makket. Haaien en roggen komme rûnom foar yn tropyske en tuskenbeiden wetters, mar binne seldsum yn 'e poalseeën.

Klassifikaasje

In walfiskhaai, de grutste libbene fiskesoarte.
  • ûnderklasse haaien en roggen (Elasmobranchii)
    • skift Squatinactiformes
    • skift Protacrodontiformes
    • tuskenklasse Cladoselachimorpha
      • skift Cladoselachiformes
    • tuskenklasse Xenacanthimorpha
      • skift Xenacanthiformes
    • tuskenklasse echte haaien en roggen (Euselachii)
      • skift Ctenacanthiformes
      • difyzje Hybodonta
        • skift Hybodontiformes
      • difyzje moderne haaien en roggen (Neoselachii)
        • ûnderdifyzje haaien (Selachii of Selachimorpha)
          • boppeskift helmhaaien (Galeomorphi)
            • skift baaksterhaaien (Orectolobiformes)
            • skift bargehaaien (Heterodontiformes)
            • skift grûnhaaien (Carcharhiniformes)
            • skift makrielhaaien (Lamniformes)
          • boppeskift echte haaien (Squalomorphi)
            • skift grauwe haaien (Hexanchiformes)
            • skift pakhaaien (Squatiniformes)
            • skift Protospinaciformes
            • skift seachhaaien (Pristiophoriformes)
            • skift toarnhaai-eftigen (Squaliformes)
        • ûnderdifyzje roggen (Batoidea)
          • skift echte rocheftigen (Rajiformes)
          • skift pylkrocheftigen (Myliobatiformes)
          • skift seachfiskeftigen (Pristiformes)
          • skift skokrocheftigen (Torpediniformes)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.