Glenevis (Alberta)

Glenevis (útspr.: [ɡlɛn'ɛvəs]) is in útbuorren yn it sintrale diel fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta, dy't 25 ynwenners telt. It leit yn Lac Ste. Anne County, oan Highway 43, likernôch 71 km noardwestlik fan 'e stêd Edmonton. Yn Glenevis is it haadkertier fêstige fan 'e Alexis Nakota Sû Naasje (Alexis Nakota Sioux Nation), in Noardlike Stony-stamme.

Glenevis
Polityk
Lân Kanada
Steat Alberta
CountyLac Ste. Anne County
Sifers
Ynwennertal25
Oar
TiidsôneUTC-7
SimmertiidUTC-6
Koördinaten53°47′23″N 114°31′01″W
Kaart
Glenevis (Alberta)
Glenevis
Lizzing fan Glenevis yn Alberta.

Klimaat

Glenevis hat in lânklimaat, mei mylde simmers en tige strange winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 22,1 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –7,1 °C. Der falt jiers trochinoar 585,6 mm delslach; yn 'e winter komt dat yn 'e regel del yn 'e foarm fan snie.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.