Gielbúkpappegaaido

De gielbúkpappegaaido of Waaliado (Treron waalia) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

gielbúkpappegaaido
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaipappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron waalia
Meyer, 1793
IUCN-status: net-bedrige

Status

De gielbúkpappegaaidowen hawwe in grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't it oantal tebekrint troch biotoopferlies, wurdt de soarte as net-bedrige op 'e Reade list fan IUCN klassifisearre.

Beskriuwing

Gielbúkpappegaaido.

Gielbúkpappegaaidowen binne 31 oant 32 sm lang en wege 251 oant 268 gram. De fûgel is oan 'e boppekant oliifgrien, op 'e búk heldergiel. De kop, hals en it boarst binne ljocht griisgrien. De skouders binne wynread, de poarten giel. De iris fan 'e fûgel is read en hat in ljochtblauwe eachring.

Wyfkes binne wat kleur oanbelanget itselde as mantsjes, mar wat bleker. Se binne in bytsje lytser.

Iten

Gielbúkdowen ite beien, mar fral figen. Wylst oare fruitdowen yn it wyld net altiten de foarkar ha foar ien fruchtsoarte, kieze gielbúkpappegaaidowen hast altiten foar de fruchten fan 'e figebeam Ficus platyphylla, dy't likernôch 18 m heech wurde kin.

Fersprieding

It fesprieidingsgebiet fan 'e fûgels leit fan Senegal yn in brede bân nei East-Afrika oant it Arabyske skiereilân (Saûdi-Araabje, Jemen en Oman). In populaasje yn Kûweit is hjoed-de-dei útstoarn. De soarte komt foar yn in biotoop mei hege beammen yn 'e buert fan wetter oant in hichte fan 2400 m.

Undersoarten

  • T. w. jubaensis Benson, 1942 – Beneamd nei de Somalyske rivier Juba. Fersprieding: Somaalje.

Status

De fûgel nimt yn oantal stadichoan ôf, mar hat noch in grut ferspriedingsgebiet en dêrom wurdt de gielbúkpappegaaido op 'e Reade list fan 'e IUCN as net-bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Waaliagrüntaube (ferzje 19 april 2024)