Fortuin (snobbersguodfabrikant)
Fortuin Dockum b.v. is in Nederlânske snobbersguodfabrikant, festige yn Dokkum.
Skiednis
Willem Hendrik Fortuin fan De Lemmer festige him yn 1842 yn Dokkum as banketbakker. Nei ferrin fan jierren ûntjoech dat bedriuw him ta de lúkse sûkerwurkfabryk fan 1888. It bekendste merk fan Fortuin is de Fortuin DF Pepermunt, de saneamde Ingelske pipermunt. In ferzje dêrfan is de ferneamde Wilhelmina Pipermunt. Dy pipermunt út 1892 wie in huldeblyk oan prinsesse Wilhelmina, dy't dat jier tolve jier waard. Fortuin bestie doe fyftich jier. Keninginne-dûairiêre Emma waard it earste kistke oanbean, wat yn 1896 it predikaat hofleveransier opsmiet.
Keppeling om utens
- (ned) (in) Webside Fortuin
🔥 Top keywords: HaadsideCarles PuigdemontWiki:Koartlyn feroareWiki:SykjeMuntienheidTwadde WrâldkriichLuna SilverHelpOfbyld:Muurankers1683.JPGGeslachtsmienskipHarmony WonderFingerjenJodie DevosfxnloJ. MacWikipedy:Mienskip2024Vina SkyWikipedyWikipedy:HelpUEFA Euro 2024Ofbyld:Wageningen Campus augustus2017.jpgPornofilmRae Lil BlackWikipedy:Wat is WikipediaWikipedy:OerlissideShalina DevineMasturbaasjeStasjon LjouwertCowgirlhâldingOflûken (seksualiteit)NeakenensSekshâldingLytse oliifgriene ibisMoriah MillsPolder Seefang480FryskLexi Diamond