Fargo (Noard-Dakota)

Fargo, stichte yn 1871, is de grutste stêd (city) yn de steat Noard-Dakota yn it Midwesten fan de Feriene Steaten, en is it haadplak fan Cass County. Fargo leit oan de Red River of the North, yn de Red River Valley oan de eastgrins mei de steat Minnesota.

Fargo
Fargo downtown
Fargo downtown
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatNoard-Dakota
CountyCass County
Sifers
Ynwennertal↑105.549 (2010)
Oerflak98,3 km²
Befolkingsticht.1.073,7 / km²
Stêdekloft208.777
Hichte274 m
Oar
Stifting1871
TiidsôneCST (UTC-6)
Simmertiid(UTC)
Offisjele webside
City of Fargo
Cass County mei Fargo yn Noard-Dakota
Rjochtbank fan Cass County yn Fargo

Demografy

ûntjouwing ynwennertal

  • 1960 – 47.000
  • 1970 – 53.365
  • 1980 – 61.383
  • 1990 – 74.084
  • 2000 – 90.599
  • 2010 – 105.549

Ekonomy

Fargo hat yn tige fariearre en robúste ekonomy. Fanâld spylje agraryske bedriuwen in wichtige rol. Green Eco Mobility, in dochter fan Chrysler, makket auto's. Microsoft en Intelligent InSites hawwe ek festigings yn Fargo. Dêrneist profitearret it plak fan de tychteby lizzende oaljefjilden.[1] Ek North Dakota State University docht sines ta de ekonomy fan Fargo.

Ferneamde lju út Fargo

  • Clark Blaise, Kanadeesk skriuwer
  • Paul Brandvik, komponist, dirigint en muzykpedagooch
  • Jocelyn Burdick, FS-senator
  • Harvey Carignan, searjemoardner
  • William Gass, skriuwer en heechlearaar filosofy
  • Charlie Korsmo, akteur
  • Jonny Lang, blues- en bluesrockmuzikant
  • Leslie Stefanson, aktrise
  • David Lee Thompson, byldhouwer, dichter
  • Bobby Vee, Rock 'n' Roll- en popsjonger

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: