Eure (departemint)

Frânsk departemint

Eure is ien fan de fiif Normandyske departeminten yn it noarden fan Frankryk. De namme is ûntliend oan de rivier de Eure, dy't troch it departemint streamt.

Eure

De lizzing fan it departemint Eure yn Frankryk.
flaggewapen
polityk
soarte gebietdepartemint
lân Frankryk
regio Normandje
haadplakÉvreux
grutste plakÉvreux
departemintsnûmer27
sifers
ynwennertal599.962 (2018)
oerflak6.040 km²
befolkingstichtens99 / km²
oar
stifting1790
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
koördinaten49° 1′ N 1° 9′ E
websideeureennormandie.fr

Skiednis

Eure is ien fan de 83 departeminten dy't op 4 maart 1790 yn de tiid fan de Frânske Revolúsje stifte binne. Foarhinne hearde Eure by de provinsje Normandje.

Nei de Slach by Waterloo waard Eure tusken juny 1815 en novimber 1818 beset troch Prusyske troepen.

Eure wie ien fan de departeminten, wêr't nei de steatsgreep fan Karel Loadewyk Napoleon de needtastân ôfkundige waard om ferset tsjin it post-republikeinske rezjym tefoarren te kommen.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard it departemint by de Operation Overlord yn tsien dagen tiid troch de alliearden befrijd.

Geografy

Eure makket diel út fan de regio Normandje en wurdt omklamme troch de departeminten Seine-Maritime, Oise, Val-d'Oise, Yvelines, Eure-et-Loir, Orne en Calvados.

It departemint bestiet út seis mei in soad bosk oerdutsen heechflaktes, dy't trochsnien wurde troch de delte fan de Seine en in stikmannich sydrivieren.

De hichte fan it gebiet ferskilt fan om en de by it seenivo yn it noarden oant 248 boppe seenivo yn it suden.

Bestjoerlike yndieling

It departemint Eure is te ferdielen yn 3 arrondisseminten. De arrondisseminten binne ûnder te ferdielen yn meiïnoar 23 kantons en 585 gemeenten.

ArrondissemintYnwenners 01.01.2018Oerflak (km²)Ynwenners/km²KantonsGemeenten
Les Andelys235.3191.825,951299185
Bernay226.5333.247,75709297
Évreux138.110960,68447103
Eure (departemint)599.9626.034,389925585

Befolkingsûntwikkeling

Jier196219681975198219901999200820152018
Ynwenners361.943383.385422.952462.254513.818541.054577.087601.948599.962
Boarnen: Cassini en INSEE

Stêden

Lokaasje fan it departemint Eure yn Normandje

De grutste plakken yn it departemint wat ynwennertal oanbelanget binne:

StêdYnwennertal 2018Arrondissemint
Évreux46.707Évreux
Vernon23.777Évreux
Louviers18.348Les Andelys
Val-de-Reuil13.114Les Andelys
Gisors11.674Les Andelys
Pont-Audemer10.120Bernay
Bernay9.951Bernay
Les Andelys8.092Les Andelys
Verneuil-sur-Avre7.854Évreux
Gaillon6.892Les Andelys

Ofbylden

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Departeminten fan Frankryk

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten
971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot