Elske Schotanus

Elske Schotanus (Terbant, 1957) is skriuwster en tekeneres.Elske Schotanus hat in tal jierren psychology studearre yn Grins. Se hat dêrnei meiwurkster meisizzenskip yn de geastlike sûnenssoarch west.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Elske Schotanus
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonymElske Hindriks
echte nammeElske Schotanus
nasjonaliteit Nederlânsk
berne27 septimber 1957
berteplakTerbant (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taalFrysk
sjenrelit. romans ferhalen
bekendste
  wurk(en)
In kop as in almenak (2013)
útjouwerAfûk
jierren aktyf2000 – no
offisjele webside
elskeschotanus.nl

Fan oktober 2001 oant en mei 2002 wie Elske Schotanus redaksjelid fan Kistwurk, dêrnei oant septimber 2003 fan Farsk. Se wie redaksjelid fan Go-gol en skriuwt hjoed de dei ûnder oare resinsjes foar it kultureel/literêr tydskrift De Moanne.

Proaza

Yn 2002 waard Schotanus de Rely Jorritsmapriis takend foar it ferhaal De poppe, mar sy hat dy priis wegere.

Yn 2004 ferskynde de ferhalebondel It griisstiennen wurd, de bondel waard nominearre foar de Fedde Schurerpriis 2005.

Yn 2007 is har earste roman Skrik ferskynd, in ferhaal oer in psychiatryske pasjinte dy't nei in psychoaze yn in oprjochting opnommen wurdt.

Yn 2013 ferskynde by de Afûk In kop as in almenak, ûnder de skûlnamme Elske Hindriks.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: