Edward Hopper

Edward Hopper (Nyack, New York, 22 july 1882 – Manhattan, New York, 15 maaie 1967) wie in Amerikaansk keunstskilder en etser dy't skilderijen makke mei temas dy't it Hoppers fyzje op it Amearika fan syn tiid wjerspegelje. Syn keunst is realistysk en beheart ta de American scène.

Edward Hopper
keunstner
Edward_Hopper, om 1937 hinne
Edward_Hopper, om 1937 hinne
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne22 july 1882
berteplakNew York
stoarn15 maaie 1967 (84 jier)
stjerplakNew York
wurkpaad
wurksum askeunstskilder, etser
streamingRealisme
bekendste
  wurk(en)
Automat (1927)
Chop Suey (1929)
Nighthawks (1942)
Office in a Small City (1953)
Nighthawks (1942)

Biografy

It hûs dêr't Edward Hopper berne is yn Nyack, New York

Edward Hopper waard 1882 yn Nyack/New York as twadde bern fan Garret Henry Hopper en Elizabeth Griffiths Smith Hopper berne. Fan 1900 oant 1906 studearre er oan de Parsons The New School for Design yllustraasje by Frank Vincent Dumond en Arthur Keller en ek skilderjen by William Merritt Chase, Kenneth Hayes Miller en Robert Henri, de mentor fan de Ashcan School. Yn de jierren 1906/1907, 1909 en 1910 reizge er troch Jeropa en besike er ûnder oaren Parys, Londen, Brussel, Amsterdam en Berlyn.

Fan 1905 ôf arbeide Hopper as yllustrator foar reklameburoos (meast foar C. C. Phillips & Co.) om troch de tiid te kommen; hy die at wurk 20 jier lang, mar beskôge it net as it skeppen fan keunst. Yn 1913 die er mei oan de Armory Show yn New York City en ferkocht dêr foar 250 dollar syn earste skilderij, Sailing. Nei 1915 makke der in stikmannich etsen dy't net sa bekend binne; Hopper koe lykwols oant syn 42 jier net fan it skilderjen allinne libje.

Yn 1923 krige Hopper yn Gloucester (Massachusetts) kunde oan de skilderes Josephine Nivison mei wa't er op 9 july 1924 troude. Sy joech it skilderjen op en waard it model dat op in protte fan Hoppers wurken te sjen is. Sy wie ek dejinge dy't foar Hoppers meidwaan oan in ynternasjonale tentoanstelling yn it Brooklyn Museum of Art bemiddele, dat foar Hopper de trochbrek betsjutte. It Brooklyn Museum of Art kocht it skilderij The Mansard Roof foar 100 dollar oan. It wie it twadde skilderij day Hopper ferkeapje koe. Itselde jier wie ek syn earste solotentoanstelling yn de galery fan Frank Rehn, dêr't er oant syn dea ta eksposearjen bliuwe soe.

De went fan de Hoppers yn New York City, 3 Washington Square North
It grêf fan Hopper en de frou

Under de krisisjierren waard er in wurdearre bekende skilder yn de FSA. Hopper ferkocht bygelyks yn 1929 twa oaljeferven, 14 akwarellen en 80 stiks grafyske wurken foar totaal 6.211 dollar. Fan 1935 oant 1937 wûn er fjouwer wichtige prizen. Der soene noch in protte folgje.

Yn 1941 bereizge er de westkust fan de Feriene Steaten yn 'e auto en yn 1943 folge de earste reis nei Meksiko. Yn 1950 wie syn earste grutte oersjochtentoanstelling yn it Whitney Museum, dy't ek yn Boston en Detroit holden waard. Noch itselde jier krige er in earedoktoraat fan it Art Institute of Chicago. Op de Biënnale yn Feneetsje fan 1952 wie er fertsjintwurdige mei trije oare Amerikaanske skilders.

Om 1960 kearde Hopper him mei klam tsjin de hegemony fan de abstrakte keunst yn dy tiid. Itselde jier wie der yn it Wadsworth Atheneum yn Hartford (Konnektikut) in útstalling fan syn wurk. Yn 1962 folge in oersjochtentoanstelling yn it Philadelphia Museum of Art en yn 1964 in twadde yn it Whitney Museum of American Art yn New York.

Op 15 maaie 1967 stoar Hopper yn syn New Yorkske atelier oan Washington Square, dêr't er sûnt desimberin 1913 ûnûnderbrutsen wenne hie. Hy waard twa dagen letter beïerdige yn it famyljegrêf op Oak Hill Cemetery yn syn berteplak Nyack, New York.[1]

Temas

John Updike wie fan betinken: 'De minske wie it haadmotyf fan Hopper, hoewol't er minsken net goed skilderje koe. Se lykje faak stiif en bleek...... Dochs fiele wy dat syn portretten fan de conditio humana mear yndruk meitsje en jin mear yn it moed taaste as dy fan skilders as Reginald Marsh en Thomas Hart Benton".

Hopper krearret in ûnwerklike, desolate sfear yn syn skilderijen. Yn in protte fan syn skilderijen hearsket in psychologyske spanning. De minsken op syn skilderijen sjogge der nea lokkich út. Teffens roppe de skilderijen in gefoel fan "meiïoar, mar dochs allinne" op.

At jin it hiele oeuvre fan Hopper oersjogge kin konkludearre wurde dat fierwei it grutste part fan syn skilderijen de isolaasje fan it yndividu sintraal stiet. Der wurdt komselden kontakt mei in oar lein, sels al binne der mear as ie persoan yn it byld oanwêzich. Foarbylden binne de wurken dêr't persoanen yn in teäter wachtsje op it begjinnen fan de foarstelling. Net ien fan harren hat kontakt mei in oar. In oar foarbyld is it ferneamde Nighthawks.

De figueren yn it wurk fan Hopper binne faak foar of efter in raam pleatst wat it isolemint folslein makket, der is wol in bûtenwrâld, mar dêr hat de persoan gjin diel oan, al liket dy somtiids wol wat te ferwachtsjen.

In oar elemint yn Hoppers wurk is it hûs yn in lânskip. Hoewol't it hûs hast altyd in foardoar hat, rint der gjin paad nei dy doar. It liket wol oft it hûs net yn it lânskip thúsheart. Dat lit wer it isolemint fan in inkelt gebou sjen.

Galery

In kar út syn tekeningen:

Museums

Yn 1968 stoar syn frou, Josephine Verstille Nivison. Neffens de winsk fan har man krige it Whitney Museum of American Art yn Manhattan syn keunstwurken op 'e noed. De neilittenskip omfieme mear as 3000 skilderijen, tekeningen, akwarellen en grafyske wurken. Dêrmei besit it museum de grutste samling fan Hoppers wurk yn de wrâld. De famylje Sanborn, dy't mei Hopper befreone wie, skonk it Whitney-Museum boppedat 4.000 argyfstikken út de neilittenskip fan Hopper.[2]

TitelDatumKolleksje
Painter and Model1902-1904Whitney Museum of American Art
Bridge in Paris1906Whitney Museum of American Art
Le Pont des Arts1907Whitney Museum of American Art
Après-midi de juin1907Whitney Museum of American Art
Les lavoirs à Pont Royal1907Whitney Museum of American Art
Louvre and Boat Landing1907Whitney Museum of American Art
The El Station1908Whitney Museum of American Art
Summer Interior1909Whitney Museum of American Art
The Louvre in a Thunderstorm1909Whitney Museum of American Art
Le Pont Royal1909Whitney Museum of American Art
Le Quai des Grands Augustins1909Whitney Museum of American Art
Le pavillon de Flore1909Whitney Museum of American Art
The Wine Shop1909Whitney Museum of American Art
American Village1912Whitney Museum of American Art
Squam Light1912
Queensborough Bridge1913Whitney Museum of American Art
Soir bleu1914Whitney Museum of American Art
Road in Maine1914Whitney Museum of American Art
Blackhead, Monhegan1916-1919Whitney Museum of American Art
Stairways1919Whitney Museum of American Art
Night Shadows (ets)1921Museum of Modern Art
Girl at Sewing Machine1921Museo Thyssen-Bornemisza
The New York Restaurantc. 1922Muskegon Art Museum, Michigan
Railroad Crossing1922-1923Whitney Museum of American Art
The Mansard Roof (akwarel)1923Brooklyn Museum
The Locomotive (ets)1923Whitney Museum of American Art
House by the Railroad1925Museum of Modern Art
Self-Portrait1925-1930Whitney Museum of American Art
Sunday1926Phillips Collection, Washington
Drug Store1927Museum of Fine Arts, Boston
Lighthouse Hill1927Dallas Museum of Art
Coast Guard Station1927Montclair Art Museum
Automat1927Des Moines Art Center
The City1927University of Arizona Museum of Art
Night Windows1928Museum of Modern Art
Manhattan Bridge Loop1928Addison Gallery of American Art
Railroad Sunset1929Whitney Museum of American Art
The Lighthouse at Two Lights1929Metropolitan Museum of Art
Chop Suey1929Barney A. Ebsworth Collection
Early Sunday Morning1930Whitney Museum of American Art
Tables for Ladies1930Metropolitan Museum of Art
Corn Hill (Truro, Cape Cod)1930McNay Art Institute, San Antonio
House in Provincetown (akwarel)1930University of Oklahoma Museum of Art
Cobb's Barns, South Truro1930-1933Whitney Museum of American Art
New York, New Haven and Hartford1931Indianapolis Museum of Art
Hotel Room1931Museo Thyssen-Bornemisza
Dauphinée House1932ACA Galleries
Room in New York1932Sheldon Memorial Art Gallery en Sculpture Garden
House at Dusk1935Virginia Museum of Fine Arts
The Long Leg1935The Huntington Library Collection
Macomb's Dam Bridge1935Brooklyn Museum
The Circle Theater1936priveekolleksje
Cape Cod Afternoon1936Museum of Art, Carnegie Institute
Compartiment C, Car 1931938IBM Corporation Collection
New York Movie1939Museum of Modern Art
Cape Cod Evening1939National Gallery of Art, Washington
Ground Swell1939Corcoran Gallery of Art
Gas1940Museum of Modern Art
Office at Night1940Walker Art Center (Minneapolis)
Nighthawks1942Art Institute of Chicago
Dawn in PennsylvaniaTerra Museum of American Art
Hotel Lobby1943Indianapolis Museum of Art
Summertime1943Delaware Art Museum
Truro and Gloucestrer 1944priveekolleksje
Morning in a City1944Williams College Museum of Art
Rooms for Tourists1945Yale University Art Gallery
August in the City1945Norton Gallery of Art, West Palm Beach
Summer Evening1947priveekolleksje
Pennsylvania Coal Town1947Butler Institute of American Art, Youngstown (Ohio)
Seven AM1948Whitney Museum of American Art
High Noon1949Dayton Art Institute
Conference at Night1949Wichita Art Museum
Cape Cod Morning1950National Museum of American Art
Rooms by the Sea1951Yale University Art Gallery
Morning Sun1952Columbus Museum of Art
Hotel by a Railroad1952Hirshhorn Museum and Sculpture Garden
Sea Watchers1952priveekolleksje
Office in a Small City1953Metropolitan Museum of Art
South Carolina Morning1955Whitney Museum of American Art
Hotel Window1956The Forbes Magazine Collection
Four Lane Road1956priveekolleksje
Western Motel1957Yale University Art Gallery
Sunlight in a Cafeteria1958Yale University Art Gallery
Excursion into Philosophy1959priveekolleksje
Second Story Sunlight1960Whitney Museum of American Art
People in the Sun1960National Museum of American Art, Washington
A Woman in the Sun1961Whitney Museum of American Art
New York Office1962Montgomery Museum of Fine Arts
Intermission1963priveekolleksje
Sun in an Empty Room1963priveekolleksje
Chair Car1965priveekolleksje
Two Comedians1965priveekolleksje

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: