David Gilmour

David Jon Gilmour (Cambridge, 6 maart 1946) is in Ingelsk gitarist en sjonger. Hy is bekend as sjonger en gitarist fan Pink Floyd

David Gilmour
sjonger en/of muzikant
David Gilmour jierren 70
David Gilmour jierren 70
persoanlike bysûnderheden
echte nammeDavid Jon Gilmour
nasjonaliteit Britsk
berne6 maart 1946
berteplakCambridge
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenreRock
sjongtaalIngelsk
ynstrumintGitaar
jierren aktyf1963 – No

Karriêre

Pink Floyd

David Gilmour kaam yn 1967 by Pink Floyd as ûndersteuning fan syn freon Syd Barrett dy't ta gefolch fan drugs it paad bjuster wie, mar al rap moast Gilmour Barrett folslein ferfange. Doe't Roger Waters nei rûzje yn 1985 de groep ferliet, waard Gilmour de nije lieder fan Pink Floyd.

Solo karriêre

Njonken syn karriêre by Pink Floyd brocht er ek soloalbums út en spile yn de stille perioades fan Pink Floyd by tal fan grutte artysten as sesjemuzikant, of produsearre ek sels. Solo hat Gilmour fjouwer studioalbums útbrocht.

Priveelibben

Gilmoure waard berne yn Cambridge, Cambridgeshire, Ingelân, as soan fan in heechlearaar Soölogy. Yn 1962 begûn David oan in studzje moderne talen. David Gilmour hat twa kear troud west, yn 1975 boaske er mei Amerikaansk model Virginia Hasenbein, hja krigen fjouwer bêrn, yn 1990 gie it pear nei fyftjin jier útinoar. Yn 1994 boaske David op 'e nij no mei skriuwster Polly Samson mei har hat Gilmour trije bêrn op 'e wrâld setten.

Diskografy

Albums

David Gilmour yn 2015
AlbumUtbrocht opBandSingle(s)
A Saucerful of Secrets29 juny 1968Pink FloydLet There Be More Light
Ummagumma7 novimber 1969
Atom Heart Mother2 oktober 1970
Meddle5 novimber 1971One of These Days
The Dark Side of the Moon1 maart 1973Money,
Us and Them
Wish You Were Here12 septimber 1975Have a Cigar,
Shine On You Crazy Diamond (Part I)
Animals21 jannewaris 1977
David Gilmour17 juny 1978David GilmourThere's No Way Out of Here
The WallPink Floyd30 novimber 1979Another Brick in the Wall, Part 2,
Run Like Hell,
Comfortably Numb
The Final Cut21 maart 1983Not Now John
About Face5 maart 1984David GilmourBlue Light,
Love on the Air
A Momentary Lapse of Reason7 septimber 1987Pink FloydLearning to Fly,
On the Turning Away,
One Slip
The Division Bell28 maart 1994Take It Back,
High Hopes
On an Island6 maart 2006David GilmourOn an Island,
Take a Breath,
Smile,
This Heaven
The Endless River10 novimber 2014Pink FloydLouder than Words
Rattle That Lock18 septimber 2015David GilmourRattle That Lock,
Today,
Faces of Stone,
In Any Tongue
Luck and Strange6 septimber 2024David Gilmour