Curtiss P-40

De Curtiss P-40 Warhawk wie in Amerikaansk jachtfleanmasine út de Twadde Wrâldoarloch. De Warhawk wie it standertjachtfleantúch fan de United States Army Air Forces (USAAF) doe't Japan yn desimber 1941 Pearl Harbor oanfoel.

Curtiss P-40 Warhawk
Tomahawk / Kittyhawk

RolJachtfleantúch
MakkerCurtiss-Wright
Untwerper
Earste flecht14 oktober 1938
Yn tsjinst1940
Ut tsjinst1958 (Brazylje)
Tal makke13.738 (1939–1944 )
Grutste brûkersUnited States Army Air Forces, Royal Air Force, Royal Australian Air Force, Royal Canadian Air Force
Farianten
P-40E's fan in opliedingsienheid fan de USAAF fan Randolph Field (San Antonio (Teksas)

It prototype fleach foar 't earst yn 1938. De P-40 tsjinne oant de ein fan de oarloch, by leafst 28 lannen. Der waarden totaal 13.738 tastellen makke oant novimber 1944, in Buffalo, New York. It ûntwerp wie ôflaat fan de P-36 Hawk, sadat it tastel fluch yn produksje naam wurde koe. Yn de FSA waard it tastel Warhawk neamd, mar yn de Sovjet-Uny en it Feriene Keninkryk waard er mei Tomahawk of Kittyhawk (fan de ferzje P-40D ôf oan) oantsjut.

De P-40 waard net brûkt oan Jeropeeske front (útsein boppe de Middellânske See), mar safolste mear by de Noard-Afrikaanske fjildtocht en yn Azië. Hy waard brûkt as jager, eskortejager en jachtbommemiter. De Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger hie it type fan 1942 oant 1949 yn tsjinst.

Technyske feiten

FeitenCurtiss P-40N
Lingte:10,19 m
Fleugelspanwiidte:11,40 m
Hichte:3,76 m
Oandriuwing:ien V12-motor Allison V-1710-99 fan 895 kW (1.217 HK)
Heechste faasje:560 km/o op 4.940 m
Klimfaasje:11 m/sek.
Fleanberik:1.200 km
Bemanning:1 piloat
Tsjinstplafond:9450 m
Gewicht leech:2.815 kg
Maks. fleangewicht:3.780 kg
Bewapening:seis Browning-MG AN/M2, .50 (12,7 mm), oant trije bommen fan 227 kg

Ferlykje mei

Keppeling om utens