Celle

Celle is in stêd yn de Dútske dielsteat Nedersaksen en de haadstêd fan de lânkring Celle. De stêd leit oan de rivier Aller en foarmet de súdlike poarte nei de Lüneburger Heide. Celle is ien fan de sân Große selbständige Städte yn Nedersaksen.

Celle

De lizzing fan 'e gemeente Celle yn de lânkring Celle
flaggewapen
polityk
lân Dútslân
dielsteat Nedersaksen
lânkring Celle
grutste plakBlumhage
tal stedsdielen17
sifers
ynwennertal69.399 (2018)
oerflak175,04 km²
befolkingstichtens396 / km²
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
koördinaten52° 37´N 10° 04´E
websidewww.celle.de

De binnenstêd fan Celle hat mear as 400 fakwurkhuzen; de âldsten binne út de 15e iuw. It sintrum fan Celle waard sparre fan bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich.

Op 23 km benoarden Celle leit Bergen, koart foar en yn de oarloch lei dêr it konsintraasjekamp Bergen-Belsen.

Oan de súdwestkant fan de stêd it fleanfjild Wietzenbruch, dêr't tsjin it ein fan de jierren 1940 wei in loftbrêge nei Berlyn ûnderhâlden waard.

Stedsyndieling

De stêd Celle is njonken in stêd ek in gemeente en neffens de Nedersaksyske gemeentewet te ferdielen yn de folgjende stedsdielen:

StedsdielYnwenners (sifers 2016)Oerflak / km²Ynwennertal / km²
Altencelle4.80424.280198
Altenhagen8567.102121
Blumlage (de binnenstêd)8.3744.0112.088
Bostel6025.359112
Boye8418.449100
Garßen2.72532.89183
Groß Hehlen2.84614.950190
Hehlentor7.7463.5302.194
Hustedt55814.19839
Klein Hehlen5.7954.9971.160
Lachtehausen6427.46186
Neuenhäusen7.9512.9702.677
Neustadt/Heese10.72810.2161.050
Scheuen1.04713.09380
Vorwerk3.1853.894818
Westercelle6.9367.967871
Wietzenbruch4.83710.671453
Meiïnoar70.473176.045400

Berne yn Celle

Ofbylden

Keppeling om utens