KristenUny

(Trochferwiisd fan CU)

De KristenUny (CU) is in kristlik-sosjale Nederlânske politike partij fan ortodoks-protestantske sinjatuer, dy't fertsjintwurdige is yn de Earste en Twadde Keamer en yn provinsjale en gemeentlike bestjoeren. De KristenUny is yn it Jeropeesk Parlemint fertsjintwurdige mei ien sit.

KristenUny
OfkoartingCU
PartijliederMirjam Bikker
PartijfoarsitterAnkie van Tatenhove
Fraksjelieder
Twadde Keamer
Mirjam Bikker
Fraksjelieder
Earste Keamer
Tineke Huizinga
Sitten yn
Twadde Keamer
Sitten yn
Earste Keamer
Sitten yn
Provinsjale Steaten
Sitten yn
Europeesk Parlemint
Oprjochte22 jannewaris 2000
Fúzje fanRPF en GPV
RjochtingSintrum
IdeologyKristlik-sosjaal
Ledetal25.495 (2021)
JongereinorganisaasjePerspectieF
Europeeske partijECPM
Europeeske fraksjeECR
Websteewww.christenunie.nl

Fan 22 febrewaris 2007 ôf wie de KristenUny mei it CDA en de PvdA part fan it kabinet-Balkenende IV. Op 20 febrewaris 2010 stapten de PvdA-bewindslieden nei in skeel oer Taskforce Uruzgan út dit kabinet, wêrnei't CDA en CU yn in demisjonêr kabinet fierder gienen. Fan oktober 2017 oan jannewaris 2022 siet de KristenUny mei twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Rutte III. Sûnt jannewaris 2022 sit de KristenUny mei twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Rutte IV.

De politike jongereinorganisaasje fan de KristenUny is PerspectieF.

Stânpunten

Grûnslach

De Unyfundearring fan de Kristenuny is:

De ChristenUnie erkent Gods heerschappij over het staatkundig leven, dat de overheid door God is gegeven en in zijn dienst staat en dat christenen de verantwoordelijkheid hebben actief te zijn in de samenleving. Zij fundeert haar politieke overtuiging op de Bijbel, het geïnspireerde en gezaghebbende Woord van God, die door de Drie Formulieren van Eenheid wordt nagesproken en die ook voor het staatkundig leven wijsheid bevat.

De ferwizing nei de Trije Formulieren fan Ienheid leit gefoelich by in protte kristenen, omdat dêryn ûnder oaren de folwoeksenedoop fersmiten wurdt. Yn de Heidelberchske Kategismus wurdt de roomsk-katolike earetsjinst oantsjut as "paapske mis" en as "ferflokte ôfgoderij". Foar in soad katoliken is dit noch in drompel foar lid wurden fan de partij.[1] Sels ferklearret de partij dat de ferwizing net bedoeld is om yn te stimmen mei de Trije Formulieren, mar om yn te stimmen mei de "politike oertsjûging fan de KristenUny dy't fuorkomt út dit gedachteguod".[2] Yn de KristenUny is men benaud dat it fuortheljen fan de ferwizing ferdieldheid fan gefolgen hawwe kin. Fraksjefoarsitter Arie Slob sei dêroer: "We moeten dit ook niet forceren, met als gevolg dat er verdeeldheid in de partij ontstaat".[1]

Organisaasje en leden

De KristenUny hat in federative struktuer. De lokale partijen binne selsstannige ferienings mei in folslein foech en gjin ôfdielingen fan de lanlike partij, sa't by in protte oare partijen wol it gefal is. Dizze pleatslike ferienings foarmje de leden fan de lanlike feriening.

Leden lokale KristenUnys
JierOantal leden
1 jannewaris 200227.250
1 jannewaris 200327.000
1 jannewaris 200425.074
1 jannewaris 200524.235
1 jannewaris 200624.156
1 jannewaris 200726.673
1 jannewaris 200827.683
1 jannewaris 200926.745
1 jannewaris 201026.441 [3]
1 jannewaris 201523.521
1 jannewaris 202025.234
1 jannewaris 202125.495
1 jannewaris 202226.167
Bron: ChristenUnie - ledentallen (DNPP)
partijfoarsitterfanoanttsjerke
Thijs van Daalen22 jannewaris 20009 april 2005NGK
Peter Blokhuis9 april 200512 maaie 2012PKN
Klaas Tigelaar (wnd.)1 jannewaris 201313 april 2013GKV
Piet Adema13 april 201317 april 2021GKV
Ankie van Tatenhove17 april 2021oant noGKV
partijliederfanoanttsjerke
Kars Veling17 jannewaris 200112 novimber 2002GKV
André Rouvoet12 novimber 200228 april 2011CGK
Arie Slob28 april 201110 novimber 2015GKV
Gert-Jan Segers10 novimber 201517 febrewaris 2023PKN
Mirjam Bikker17 febrewaris 2023oant noPKN

Twadde Keamer

De Twadde Keamerfraksje bestiet sûnt de Twadde Keamerferkiezingen fan 2023 út de folgjende trije persoanen:

  1. Mirjam Bikker (fraksjefoarsitter)
  2. Don Ceder
  3. Pieter Grinwis

Earste Keamer

De Earste Keamerfraksje bestiet sûnt de Earste Keamerferkiezingen 2019 út de folgjende fjouwer persoanen:

  1. Tineke Huizinga (fraksjefoarsitter)
  2. Simone Kennedy (ferfanging fan Peter Ester †)
  3. Hendrik-Jan Talsma (ferfanging fan Mirjam Bikker, eardere fraksjefoarsitter)
  4. Maarten Verkerk

Kabinèt

De Kristen Uny hie twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Balkenende IV (2007—2010). Dat wiene:

De Kristen Uny hie twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Rutte III (2017—2022). Dat wiene:

  • Carola Schouten, vise premier en minister fan Lânbou, Natoer en Itenskwaliteit
  • Arie Slob, minister foar Basis- en Fuortset Underwiis
  • Paul Blokhuis, steatssekretaris fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport

De Kristen Uny hat twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Rutte IV (2022—no). Dat binne:

  • Carola Schouten, vise premier en minister foar Earmoedebeheining, Partisipaasje en Pensjoenen
  • Henk Staghouwer ferfongen troch Piet Adema, minister fan Lânbou, Natoer en Itenskwaliteit
  • Maarten van Ooijen, steatssekretaris

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: