Bandasee

De Bandasee is in rânesee fan de Grutte Oseaan (mar dêrfan skieden troch hûnderten eilannen), yn Yndoneezje, tusken Selebes yn it westen, de Molukken yn it noarden en Timor yn it suden. Súdwestlik grinzet de Bandasee oan de Floressee, súdeastlik oan de Arafurasee.

Bandasee
geografy
type wetterrânesee
lokaasjetusken de Molukken en Timor
lân East Timor
Yndoneezje
ûnderdiel fanGrutte Oseaan
sifers
maks. lingte1.200 km
maks. breedte500 km
djipste punt7.440 m
Seeën fan Yndoneezje.

Ierdskoddings

Ierdskoddings komme faak foar yn dizze kontrei, omdat hjir trije tektonyske platen har ynfloed útoefenje - Euraziatyske-, Pasifyske- en Indo-Austalyske platen. Yn 1938, 2005, 2006 en 2009 wiene der ierdskoddings.