Avelgem

Avelgem is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat mear as 10.000 ynwenners, dy't 'Avelgemnaars' neamd wurde. It plak leit súdeastlik fan Kortrijk oan de Skelde yn it sudeasten fan de provinsje.

Avelgem
Emblemen
               
Polityk
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal10.248(2022)[1]
Oerflak22,12 km² km²
Befolkingsticht.463 ynw./km²
Oar
Postkoade8580-8583
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten50° 46' N 3° 26' E
Offisjele webside
webstee gemeente
Kaart
Avelgem (West-Flaanderen)
Avelgem

Skiednis

Healwei de 19e iuw hie Avelgem likernôch 4.000 oant 5.000 ynwenners. Hja fertsjinnen jild mei lânbou en yn de linnenyndustry. De krisis yn 'e flaaksyndustry (1846-1848) betsjutte in ramp foar de bewenners. Yn it noarden fan Frankryk waard eartiids stienkoal ûntdutsen en dat soarge foar in grutte migraasje nei Frankryk, sadat it ynwennertal tebek rûn. Pas nei't it ferkear ferbettere kaam der in ein oan it ferlies fan ynwenners en ferbettere de sitewaasje.

Oan 'e ein fan 'e 19e iuw kaam de yndustry yn Kortrijk op gong en ûntstie der flaaksyndustry oan de Leie. Dêrtroch makke Avelgem wer wat befolkingsgroei mei.

Avelgem yn 1918

De Earste Wrâldkriich makke wurk oer de grins ûnmooglik en de flaaksyndustry ferhûze dêrtroch yn 'e rjochting fan Kuurne en Waregem. Doe't de kriich einige werstelde de sitewaasje yn it grinsgebiet wer, mar Avelgem bleau efter. Nei dy oarloch kaam de grinsarbeid lykwols wer op en sette de yndustrialisaasje fierder troch. Der wiene wol guon bedriuwen, mar dy wiene lytsskalich yn fergelikening mei dy om de Leie hinne. Dochs hie Avelgem neffens oare gemeenten om dit part fan de Skelde hinne aardich wat yndustry. Yn it ynterbellum groeide de yndustry yn Kortrijk foars, wylst dy yn Avelgem efter bleau. De gemeente waard yn de Twadde Wrâldkriich op 23 maaie 1940 beset troch it Dútske leger en op 5 septimber 1944 wer befrijd.

Nei de oarloch ferlear de yndustry dochs in diel fan syn betsjutting, fral nei't de leanen yn de jierren 1960 yn Noard-Frankryk sakken en de yndustry dêr wer groeide. In soad bewenners fûnen yn 'e jierren 1980 wurk yn de tsjinstferliening. Avelgem bleau lykwols in lytse kearn foarmje yn in tinbefolke gebiet.

It besjen wurdich

  • De Sint-Martinustsjerke is in neogoatyske tsjerke fan nei de Earste Wrâldkriich. De oarspronklike tsjerke út healwei de 19e iuw waard yn de Earste Wrâldkriich folslein fernield.
  • De Tombeelmûne (Molenstraat 41A, Outrijve) is in nôtmûne út 1923. De mûne is mealree en is de jongste mûne fan Flaanderen.
  • Kastiel 'De Scheldeburcht' (Kasteelstraat 5) giet werom op de 13e iuw, mar de gebouwen binne fan folle lettere datum.

Gea

Avelgem leit yn de delling fan de Skelde. It lânskip is flak en de hichte fan de gemeente leit tusken de 12 en 20 meter. In wichtich natuergebiet foarmet de Avelgemse Scheldemeersen.

Yndieling gemeente

Avelgem is it grutste plak en de grutste dielgemeente. De gemeente hat fjouwer oare lytsere dielgemeenten, dy't oan deselde igge fan de Skelde lizze as it plak Avelgem. Bossuit en Outrijve lizze mear de stream op, Waarmaarde, Kerkhove en it buorskip Rugge de stream del.

Nû.Plaknamme (off.)
Westflaamsk
Oerflak
(km²)
Ynwennertal
(2022)
Kaart
IAvelgem
Oavelgem
9,966.888
IIBossuit
Bossuut
1,99454
IIIOutrijve
Outryve
3,241.198
IVWaarmaarde
Woarmoarde
2,92794
VKerkhove
Kerkove
3,65934

Befolkingsferrin

Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.

  • Boarne:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Avelgem


 
West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem