Astrachan (oblast)

De oblast Astrachan (Russysk: Астраханская область, Astrachanskaja oblast) is in oblast yn it súdeasten fan Europeesk Ruslân. Haadstêd fan de oblast is de stêd Astrachan. Astrachan heart by it Súdlik Federaal Distrikt.

Astrachan oblast

Астраханская область

flaggewapen
polityk
soarte gebietOblast
lân Ruslân
federaal distriktSúd
ekonomyske regioWolga
haadplakAstrachan
grutste plakAstrachan
taalRussysk
Etnyske groepenRussen 77,93%
Kazachen 6,98%, Tataren 5,45%
Stân 2010
sifers
ynwennertal989.430 (2022)
oerflak49.024 km²
befolkingstichtens20,18 ynw./km²
oar
stifting27 desimber 1943
tiidsôneUTC+4; MSK+1
koördinaten47° 14' N 47° 14' E
websidewww.astrobl.ru

Geografy

Grutte Bogdo

De oblast Astrachan grinzget oan de Kaspyske See en leit oan de ûnderrin fan de Wolga. Yn it easten dielt Astrachan de lânsgrins mei Kazachstan. Fierder grinzget de oblast oan de autonome republyk Kalmukje en de oblast Wolgograd.

It lânskip hat foar it measte net in soad reliëf en leit foar in part ûnder de seespegel (-3 tot -30 meter). It noardlike diel is steppegebiet. It heechste punt foarmet de 161,9 meter hege Grutte Bogdo (Большое Богдо). De oblast hat mear as 1000 sâltmarren. De sâltmar Baskûntsjak is de grutste sâltmar en hat de grutste sâltôfsettings fan de wrâld.

It klimaat is kontinintaal en drûch. Winters binne net snieryk en ûnder ynfloed fan de Kaspyske See is it klimaat relatyf myld, sadat snie al gau wer fuort raant. Somtiden falt lykwols út Kazachstan wei of út de Oeral wei kâlde loft yn. De simmers binne waarm. De kâldste moanne is jannewaris mei in temperatuer fan -10 oant -20 ° C. De heechstse temperatueren binne yn july en dan kin it +35C oant +45 °C wurde. De wiedste moannen binne april en july.

Skiednis

16e-iuwske gravuere fan Astrachan

Yn de 15e iuw ûnstiene hannelskontakten tusken it Foarstedom Moskou en it kanaat Astrachan. Fral ûnder Ivan III groeide de ymport fan sâlt út it gebiet. Nei de oermastering fan it kanaat Kazan wie Ivan de Grousume ek fan doel om Astrachan by syn ryk te foegjen. Khan Dervisj-Ali ûnthiet lykwols trou oan Moskou, mar yn 1556 socht er kontakt mei de âlden fijannen fan Moskou: it Krim-kanaat en it Osmaanske Ryk en dêrmei lokke er in nije kampanje fan de Moskoviten út. Der folge in fjildslach fan de Don-Kozakken mei it leger fan de khan fan Astrachen en op 2 july 1556 koe de stêd Astrachan sûnder fierdere slach ynnommen wurde. Astrachan ferhûze yn 1558 in eintsje fierder nei in nije lokaasje en waard in betroubere militêre en politike bûtenpost yn it suden fan Ruslân. Yn 1569 besochten de Ottomanen Astrachan te feroverjen, mar dat bleau by in besykjen.

Oant 1717 foel it gebiet ûnder it gûvernemint Kazan. Yn dat jier waard it gûvernemint Astrachan stifte, dat stadichoan wer gebiet kwyt rekke oan oare gebieten yn it Russyske Ryk. It gûvernemint waard yn de jierren 1930 opheft en by de oblast Stalingrad foege. De tsjintwurdige oblast ûnstie op 27 desimber 1943 en krige de tsjintwurdige grinzen yn 1957.

Ekonomy

Fiskerij is wichtich en al sûnt de 4e iuw wurdt der fiske op steur yn de Wolga. Yn de oblast wurdt gas wûn en der wurde noch jimmeroan nije boarnen fûn. Yn Astrachan is in goed ûntwikkele yndustry en fanút de haven wurdt in soad eksportearre nei Iran. Astrachan is wat tonnaazje oangebelanget ien fan de grutste havens fan it lân en hat net in soad lêst hân fan de ekonomyske krises fan de jierren 1990. De yndustry bestiet fral út skipsbou, lichte yndustry, masjinebou en metaalferwurking.

Befolking

It gebiet is tinbefolke en de grutste befolkingsgroepen binne de Russen (67,6%), Kazachen (16,3%) en Tataren (8,8%) (2010). Yn de gebieten mei in soad Kazachen yn de oblast wurdt de Kazachske taal op middelbere skoallen jûn. It Kazachsk wurdt ek ûnderwiisd op de ynstellings fan it heger ûnderwiis yn Astrachan.

Befolkingsûntwikkeling

Jier19261939195919701979198920022022
Befolking510.386683.000701.974867.483915.448991.5211.005.276989 430

Bestjoerlike yndieling en stêden

It bestjoelike en kulturele sintrum fan de oblast is Astrachan. Meiïnoar telt de oblast seis stêden, ynklúsyf ien sletten stêd (ZATO), en sân plakken mei in stedsk karaker.

Stêden

Himelfeartkatedraal fan Astrachan
StêdRussyskBestjoersienheidYnwennersWapenLokaasje
AchtûbinskАхтубинскRajon Achtûbinsk36.127 (2021) 48° 17' N 46° 10' E
AstrachanАстраханStedsdistrikt518.695 (2022) 46° 20' N 48° 02' E
CharabaliХарабалиRajon Charabali17.338 (2021) 47° 24' N 47° 15' E
IljinkaИльинкаRajon Ikrjanoje5.025 (2021) 46° 14' N 47° 54' E
KamyzjakКамызякRajon Kamyzjak15.753 (2021) 46° 06' N 48° 04' E
KirovskiКировскийRajon Kamyzjak2.042 (2021) 45° 50' N 48° 07' E
Krasnyje BarrikadyКрасные БаррикадыRajon Ikrjanoje6.377 (2021) 46° 12' N 47° 51' E
LimanЛиманRajon Liman8.170 (2021) 45° 47' N 47° 13' E
NarimanovНаримановRajon Narimanov10.601 46° 41' N 47° 51' E
Nizjni BaskûntsjakНижний БаскунчакRajon Achtûbinsk2.391 (2021) 48° 13' N 46° 49' E
ZnamenskЗнаменскStedsdistrikt (ZATO)26.361 (2021) 48° 35' N 45° 45' E
Verchni BaskûntsjakВерхний БаскунчакRajon Achtûbinsk7.435 (2021) 48° 13' N 46° 43' E
Wolgo-KaspijskiВолго-КаспийскийRajon Kamyzjak2.219 (2021) 46° 12' N 47° 55' E

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Астраханская область


 
Dielgebieten fan Ruslân

RepublykAdygeäAltai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva
KrajAltaiChabarovsk • Kamtsjatka • KrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropol • Transbaikal
OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
Autonoom distriktChanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka
Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne